Net langer stoke foar de sprotters: Museum Joure hâldt de waarmte binnen

Op oare plakken yn Nederlân sizze se dat se ‘foar de mosken stoke’, mar op De Jouwer, en nei alle gedachten ek yn de rest fan Fryslân, hawwe se it by tochtige, poreuze gebouwen oer ‘foar de sprotters stoke’, oftewol foar de protters. Sa fielde it lange tiid by museum Joure: as stie de ferwaarmingsketel fan septimber of oktober ôf in healjier lang net oan foar de besikers en meiwurkers fan it museum, mar foar de fûgeltsjes bûten. It museum bestiet út tsien gebouwen, dy't stik foar stik âld binne. Moai om te sjen, mar in hiele toer om waarm te hâlden, want by guon gebouwen ferdwûn alle waarmte hast fuortendaliks wer troch it dak.

Gelokkich hie it museum lange tiid in geunstich enerzjykontrakt en wiene de enerzjykosten fan 40.000 euro yn it jier noch op te bringen. It wie in soad jild, mar it koe. Dat feroare folslein, sa fertelt direkteur Iris Nutma, doe't sa'n fiif jier lyn de enerzjykrisis útbriek en der krekt yn dy tiid in nij enerzjykontrakt ôfsletten wurde moast. It museum stie foar in jierlikse enerzjyrekken fan in ton – dus twaënhalf kear safolle. Neffens Nutma wie dat op syn heechst noch twa of trije jier fol te hâlden. Dêrnei soene se de doarren slute moatte, want hoewol't it museum it mei 25.000 besikers yn it jier net min docht, soe dat oantal net genôch wêze om sokke kosten langere tiid op te fangen.

Ferduorsumje dus, en wol sa gau mooglik, mar foar it museum wie dat noch in flinke puzel. De gebouwen binne ommers net fan it museum sels, en ferduorsumingsmaatregels koene net samar mei in beslút fan de deistige lieding útfierd wurde. En om it noch wat yngewikkelder te meitsjen: der is ek net ien partij dy't alle gebouwen yn eigendom hat. De tsien gebouwen binne fan twa ferskillende eigners, dy't se oan it museum ferhiere. Yn it earstoan stiene dy net te springen om sokke yngripende ynvestearrings te dwaan om it enerzjyferbrûk te ferminderjen. Dat droech doetiids by oan in ‘panykstimming’, seit Nutma no. Want der wie haast by: it fuortbestean fan it museum stie op it spul.

De entree van het museum Joure.
De yngong fan museum Joure. Foto Maartje Roos

Al gau wie der wol in ferduorsumingsadvys. Mei dat advys, opsteld troch in spesjalist op it mêd fan ferduorsumjen dy't fia it KlimOp-projekt fan de provinsje Fryslân by it museum belutsen rekke wie, gong it museum om 'e tafel mei de ferhierders. De eigner fan de twa gebouwen dy't troch de beheinde isolaasje en de hege stookkosten as earste foar ferduorsumjen yn oanmerking kamen, wie stifting Het Kofschip. Mei dy stifting waard neffens Nutma ‘stevich diskusjearre’ oer it oanpakken fan de gebouwen oan de Geelgietersstraat, twa âlde pakhuzen en in arbeidershúske, en fan de âlde keapmanswente oan de Midstraat 99. Der moast ommers frij ûnferwachts in flink bedrach op tafel komme.

Een ruimte met een keuken in het museum in Joure. Een vrouw is koffie aan het zetten.
Yn ien fan de romten fan it museum waard de monumintale flier derút helle en, nei't der flierferwaarming ûnder oanlein wie, weromlein. Foto Erikjan Koopmans

Yn dy begjintiid seach de Museumfederatie mei nei de ûntwikkeling fan de plannen, om't der njonken it komfort en de stookkosten noch in oar wichtich aspekt oan ferduorsumjen sit: it behâld fan de kolleksje. Neffens Nutma wie der yn de oanbelangjende gebouwen lange tiid sprake fan skimmelfoarming. Ek de cv-tsjettel heger sette holp net genôch om dat probleem goed oan te pakken; der kaam gewoan tefolle focht de gebouwen yn. Kwetsbere foarwerpen út de museumkolleksje, lykas âlde meubels, koene dêrom lange tiid net yn alle gebouwen útstald wurde.

Troch it isolearjen bliuwe no net allinnich de kjeld, mar ek it focht bûten de doar. Yn de ferduorsume gebouwen lit Nutma sjen wat der ferbettere is: it plafond waard isolearre, treppehuzen waarden mei doarren ôfsletten, der waarden foarsetmuorren en foarsetfinsters pleatst en yn ien fan de gebouwen waard flierferwaarming oanlein. Dat wie in hiele klus, want dêrfoar moast earst in âlde monumintale flier fuorthelle wurde en nei it oanlizzen fan de ferwaarming weromlein wurde. De elektrisiteit dy't de (hybride) waarmtepomp nedich hat, wurdt opwekt mei sinnepanielen. De pomp leveret winters waarmte, mar kin de gebouwen simmers ek kuolje. Ek dat helpt om de kolleksje te behâlden. Yn de romten dy't no ferduorsume binne, kinne ynienen ek de topstikken út de kolleksje útstald wurde, lykas kwetsbere, âlde houten sjochdoazen, teekisten en meubels.

Een van de expositieruimtes van het museum Joure.
Een van de expositieruimtes van het museum. Trappenhuizen werden met deuren afgesloten en er werden voorzetramen en voorzetwanden geplaatst. Foto Erikjan Koopmans

Dizze earste ferduorsumingsronde is foar it grutste part betelle troch Het Kofschip, mei in subsydzje út it Iep Mienskip-fonds. Foar de sinnepanielen kamen der bydragen fan Stichting Westermeer, it Rabobank Coöperatiefonds en jild út ‘aksjes fan freonen’, sa't Nutma se neamt. Foar dy aksjes gong de Vereniging van Vrienden yn de regio mei de pet rûn.

It museum wol no ek oare gebouwen ferduorsumje, al is dêr minder haast by om't der bygelyks gjin meiwurkers oan it wurk binne en de gebouwen der better oan ta binne as dy dy't earder neamd binne. Dizze gebouwen binne fan de gemeente De Fryske Marren. De ûnderhannelings dêroer binne noch mar krekt begûn. Nutma hopet dat de gemeente derfoar iepenstiet om nei dizze ynvestearring de hier net te ferheegjen, mar de ynvestearring te finansierjen mei in liening tsjin in lege rinte. Sa'n finansieringskonstruksje hat it museum ek mei Het Kofschip ôfpraat.

Tradisjoneel kieze gebou-eigners der faak foar om it ferduorsumjen te finansierjen út in ferheging fan de hier. Dat hat foar de hierder as neidiel dat de hierkosten struktureel folle heger wurde. ‘Dat bliuwt dus altyd op de eksploitaasje drukken’, suchtet Nutma. As de kosten foar ferduorsumjen (foar in part) finansiere wurde mei in liening tsjin in lege rinte, is de ynvestearring nei in tal jierren ôfbetelle en hâldt it museum romte yn de eksploitaasje oer om yn oare fernijings te ynvestearjen. ‘Foar ús is dat folle nofliker’, seit Nutma, ‘want as museum mei tsien gebouwen is der altyd wol wat dat wy oanpasse of fernije wolle. Mei dizze konstruksje meitsje wy sa no en dan wer wat budzjet frij.’