Natuerfreonlik isolearje

Isoleren is de earste stap nei ferduorsuming. It ferleget de enerzjynota en ferheget it wenkomfort. Mar wist u dat troch it isoleren fan wenten regelmjittich fûgels of flearmûzen fersteurd of dea makke wurde? Soarten dy’t wy yn stêden en doarpen hurd nedich hawwe, mar dy’t no hieltyd seldsumer wurde. Fanút de Omjouwingswet is it needsaaklik om dit foar te kommen.

Een rosse vleermuis klampt zich vast aan een stuk steen.
Rosse vleermuis - Johann Prescher

Feroaringen yn wurkwize natuerfreonlik isolearje 

Fanôf de hjerst fan 2025 is de wurkwize foar natuerfreonlik isoleren feroare. Dit komt troch de ynfiering fan in nije lanlike metoade (eDNA). Troch dizze metoade binne de hjoeddeiske wurkwizen juridysk en ekologysk net langer foldwaande.
De provinsje Fryslân hat dêrom op 7 oktober 2025 besletten te stopjen mei de lanlike wurkwize Natuerfreonlik Isoleren (NVI). Dêrneist is op 27 jannewaris 2026 besletten om it maksimale persintaazje dat ûnder in pre-Soartenmanagementplan-fergunning isolearre wurde mei, te ferleegjen.

Nije metoade eDNA

Om kwetsbere flearmûzen te beskermjen, hat it Ryk yn de Omjouwingswet opnommen dat bedriuwen, persoanen en ynstânsjes, ûnder betingsten, eDNA-ûndersyk útfiere meie by it isolearjen fan de spouwmuorre om fêst te stellen oft dêr ferbliuwplakken fan flearmûzen sitte.
As der by dit ûndersyk gjin DNA fan flearmûzen fûn wurdt, mei de spouwmuorre fuortendaliks isolearre wurde. As der wol DNA fûn wurdt, is oanfollend ûndersyk nedich.

Wolle jo mear witte oer eDNA, de betingsten foar tapassing en oare faak stelde fragen? Sjoch dan ús Q&A.

Wurkwize Natuerfreonlik Isolearje net mear tastien 

Sûnt 2024 wurke de provinsje mei de lanlike wurkwize Natuerfreonlik Isoleren (NVI). By dizze wurkwize is gjin ekologysk ûndersyk of fergunningstrajekt nedich, as ynwenners dy’t ferduorsumje wolle in sertifisearre isolaasjebedriuw ynskeakelje. De betingst wie dat de wurksumheden útfierd wurde neffens de lanlike wurkwize NVI.
It Ryk hat ûnderwilens oanjûn dat it net mooglik is om dizze wurkwize te legalisearjen. Dêrom hat de provinsje Fryslân besletten dizze wurkwize net mear ta te stean.

Er zitten een aantal dwergvleermuizen tussen twee stenen in.
Gewone dwergvleermuizen - foto: Johann Prescher

Ferleging persintaazjes isolearjen ûnder pre-SMP

Troch de erkenning fan de eDNA-metoade klopje de modelberekkeningen fan de besteande pre‑SMP-metoade net mear. Deputearre Steaten hawwe op 27 jannewaris 2026 besletten de maksimale persintaazjes wenten – dy’t ûnder in pre‑SMP-fergunning sûnder fierder ûndersyk isolearre wurde meie – te ferleegjen. Dit om foar te kommen dat mear ferbliuwplakken fan flearmûzen oantaast wurde as dêr’t gemeenten maatregels foar nommen hawwe.

It ferduorsumjen fan partikuliere, grûnbûne wenten ûnder in pre‑SMP bart yn twa fazen en op basis fan de buertyndieling fan it CBS.

  • Yn faze 1 is noch net dúdlik wêr’t de wichtichste kraamferbliuwplakken fan fûgels en flearmûzen sitte. Dêrom mei yn faze 1 maksimaal 5% (wie 10%) per CBS-buurt isolearre wurde.
  • Yn faze 2 binne de ferbliuwplakken troch gemeentebreed fjildûndersyk yn byld brocht. Dan mei oanfollend oant 20% (wie 30%) per CBS-buurt isolearre wurde.

Sa bliuwe genôch mooglike ferbliuwplakken fan fûgels en flearmûzen beskermd. Fierdere ferduorsuming kin letter fia in folsleine SMP-fergunning plakfine.

Wat kin der op dit stuit wol as it giet om isolearjen? 

Der binne noch altyd genôch mooglikheden om te isolearjen en te ferduorsumjen. Sa kin flierisolaasje gewoan trochgean, krekt as binnenmuorisolaasje en it pleatsen fan isolaasjeglas. Ek spouwmuorisolaasje is mooglik salang’t der gjin eDNA fan flearmûzen fûn is. In oersjoch fan wat der op dit stuit krekt mooglik is en wat net, fine jo yn ûndersteand dokumint.

Foar oare isolaasje-aktiviteiten is yn guon gefallen in útwreide trajekt nedich. Hjirûnder ljochtsje wy ta hokker stappen jo nimme moatte en hokker wurkwizen mooglik binne.

Download hjir Isolearje: wat kin wol, wat kin net? 

Undersyk 

Foar it beskermjen fan soarten is it wichtich om by it isolearjen net ûnnedich bisten te deadzjen of te fersteuren en harren ferbliuwplakken net oan te tastjen. It isolearjen fan gebouwen moat dêrom op in natuerfreonlike manier barre. Dat betsjut dat ûndersyk dien wurde moat nei beskerme soarten dy’t yn it gebou wenje (benammen huismussen, gierzwaluwen en flearmûzen).

Dit hoecht net ten koste te gean fan jo komfort of isolaasjenivo.
Troch de juste maatregels te nimmen kinne jo dizze bisten by it isolearjen beskermje. Dêrby binne trije dingen wichtich:

  1. Undersykje oft der bisten oanwêzich binne yn jo wenning, spouwmuorre en/of dak(-râne).
  2. Foarkom dat der bisten dea of ferwûne wurde.
  3. Soargje derfoar dat oanwêzige ferbliuwplakken net ferlern gean.

Omjouwingsfergunning

As út it ûndersyk bliken docht dat beskerme bistesoarten oanwêzich binne, is yn de measte gefallen in omjouwingsfergunning foar in floara- en fauna-aktiviteit nedich. Jo gemeente kin hjirby helpe. De provinsje hat foech foar fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening. De FUMO hâldt, yn opdracht fan de provinsje, tafersjoch op de natuerbeskerming. 

Mear ynformaasje oer soarteynformaasje oer soartebeskerming en it fergunningsproses fine jo hjir.  

Fryske gemeenten kinne subsydzje krije foar it opstellen fan sa'n soartemanagementplan. Ek is der subsydzje beskikber foar it realisearjen fan alternative ferbliuwplakken foar kwetsbere soarten. 

Meaer ynformaasje oer subsyszje foar gemeenten 

Een huismus zit in de dakgoot van een huis.

Soartemanagementplan – omjouwingsfergunning foar de hiele gemeente 

De provinsje en gemeenten binne hurd oan de slach mei it opstellen fan Soartenmanagementplannen (SMP). Mei in SMP kin in omjouwingsfergunning foar in flora- en fauna-aktiviteit foar de hiele gemeente oanfrege wurde. Sa wurdt it isolearjen fan wenten mooglik sûnder dat de wenningeigner sels ekologysk ûndersyk útfiere hoecht.

Planning

It opstellen fan in SMP duorret sa’n twa jier. Sjoch hjir de planning foar it opstellen fan in SMP en it oanfreegjen fan in gemeentlike omjouwingsfergunning.

Yn de tuskentiid kinne gemeenten in tydlike omjouwingsfergunning oanfreegje: de pre‑SMP-fergunning. Mei dizze fergunning kinne gemeenten in bepaald persintaazje fan harren wenten isolearje litte, troch foarôf it ferwachte ferlies oan ferbliuwplakken te kompensearjen.

Isoleren ûnder it (pre-)SMP

Wolle jo oan de slach mei isolearjen? Gean dan by jo gemeente nei oft sy al in (pre-)SMP-fergunning hawwe.

  • Hat jo gemeente noch gjin (pre-)SMP-fergunning, dan hawwe jo mooglik in reguliere omjouwingsfergunning nedich. Mear ynformaasje dêroer fine jo hjir.
  • Wolle jo allinnich spouwmuorisolaasje útfiere, dan kinne jo ek kieze foar in eDNA-test. Mear ynformaasje dêroer fine jo yn ús Q&A ûnder oan de side.
  • Hat jo gemeente al wol in (pre-)SMP-fergunning, dan kinne sy jo tastimming jaan om de wurksumheden ûnder de fergunning út te fieren. Nim hjirfoar kontakt op mei jo gemeente.

Oan'e slach mei Natuerfreonlik Isolearje

Inwenner

Binne jo ynwenner fan Fryslân? En wolle jo enerzjy besparje én fûgels en flearmûzen beskermje?

  • Freegje jo isolaasjebedriuw oft sy foar spouwmuorisolaasje in eDNA-ûndersyk útfiere kinne.
  • Nim kontakt op mei jo gemeente om te kontrolearjen oft sy in (pre-)SMP-fergunning hawwe of tariede.

Gemeenten

Om de doelen foar ferduorsuming en de ferantwurdlikheid foar natuerbeskerming te ferbinen, kinne jo as gemeente in SMP opstelle foar in gemeente-brede omjouwingsfergunning. Sa hoege ynwenners dêrfoar sels gjin fergunning oan te freegjen. Ek is it foar isolaasjebedriuwen dúdlik wêr’t se oan ta binne.

  • Wy helpe jo graach by it SMP-traject. Nim hjirfoar kontakt op mei team griene regeljouwing fia wnb@fryslan.frl.
  • Der is subsydzje beskikber foar gemeenten om in soartenmanagementplan op te stellen. Ek is der subsydzje foar it realisearjen fan alternative ferbliuwplakken.
  • Hat jo gemeente al in pre‑SMP-fergunning, dan kin – ûnder de betingsten fan de pre‑SMP-fergunning – wol wurke wurde mei de NVI.

Isolaasjebedriuw

Wurkje jo by in isolaasjebedriuw en wolle jo fûgels en flearmûzen beskermje én jo klanten ûntsoargje? Yn Fryslân kin dit op twa manieren:

  • Mei de eDNA-regeling foar spouwmuorisolaasje.
  • Under in (pre-)SMP-fergunning fan in gemeente. Om wurksumheden út te fieren ûnder it pre‑SMP moatte jo it sertifikaat “natuerfreonlik isoleren” hawwe.

De lanlike wurkwize NVI is net mear tastien, omdat kwetsbere bisten dêrmei net genôch beskermd wurde.

Foar mear ynformaasje: www.natuurvriendelijkisoleren.nl

Kontakt

Hawwe jo fragen oer natuerfreonlik isolearjen of binne jo ynteressearre yn in SMP? Nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia  wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058- 292 59 25