Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 2 april 2024 it Untwerp Natuerbehearplan 2025 fêststeld.

Wat stiet yn it natuerbehearplan?

Yn it natuerbehearplan jout de provinsje oan foar hokker gebieten yn Fryslân subsydzje oanfrege wurde kin foar it behear fan natuer, agraryske natuer en lânskipseleminten en wat de betingsten hjirfoar binne.

Digitale kaart 

Dizze kaart jout in yndikaasje oer de subsydzjemooglikheden. Agrarysk natuer- en lânskipsbehear kin allinnich oanfrege wurde binnen de leefgebieten. In natuerbeheartype jout oan wêrfoar, mits iepensteld, subsydzje oanfrege wurde kin. De ambysjekaart jout oan hokker behear op langere termyn winsklik is. Yn it Natuerbehearplan Fryslân kinne jo hjiroer mear lêze. 

Besjoch hjir de digitale kaart(eksterne keppeling)

As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knop “Content” (boppe links) wikselje fan kaartbyld. Sa kinne jo neist de behearsipkaart ek noch de ambysjekaart, agraryske sykgebiedekaart en alle wizigingen oangeande it foarige plan ynsjen. 

Sjenswize yntsjinje

Wolle jo in sjenswize yntsjinje op it Untwerp Natuerbehearplan Fryslân 2025, dan kinne jo gebrûk meitsje fan it ûndersteand digitaal formulier. Wolle jo de sjenswize leaver oer de post stjoere of email? Dan kinne jo it formulier ûnderoan de side downloade en ynfolje. It postadres is op it formulier fermeld. Wolle jo de sjenswize leaver oer de email ferstjoere, dan kinne jo dy rjochtsje oan: SANL@fryslan.frl 

Iepenje hjir it ynspraak formulier(eksterne keppeling)

Jo kinne in sjenswize yntsjinje fan 10 april oant en mei 22 maaie 2024.

Wannear’t jo jo sjenswize ferstjoerd hawwe krije jo fan de provinsje in ûntfangstbefêstiging. Dat kin in pear dagen duorje. Dêrnei bondelje en beoardielje wy de ynspraakreaksjes yn in reaksjenota. Op basis fan de reaksjenota stelle Deputearre Steaten it Natuerbehearplan Fryslân 2025 fêst. Nei it fêststellen krije jo in antwurdbrief mei dêryn de beoardieling fan jo sjenswize. 

Mear ynformaasje 

Eftergrûnynformaasje oer (agrarysk) natuer- en lânskipsbehear kinne jo fine op de lanlike site www.bij12.nl(eksterne keppeling). Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder.

Documenten

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.