Natuerbehearplan 2027
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 14 april 2026 it Ontwerp Natuurbeheerplan Fryslân 2027 fêststeld.
Wat stiet yn it natuerbehearplan?
Yn it natuerbehearplan jout de provinsje oan foar hokker gebieten yn Fryslân subsydzje oanfrege wurde kin foar it behear fan natuer, agraryske natuer en lânskipseleminten en wat de betingsten hjirfoar binne.
Digitale kaart
Dizze kaart jout in yndikaasje fan de subsydzjemooglikheden. Agrarysk natuer - en lânskipsbehear kin allinnich oanfrege wurde binnen de leefgebieten. In natuerbeheartype jout oan wêrfoar, mits iepensteld, subsydzje oanfrege wurde kin. De ambysjekaart jout oan hokker behear op langere termyn winsklik is. Yn it Natuerbehearplan Fryslân 2027 kinne jo dêr mear oer lêze.
As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knop “Content” (linksboppe) wikselje fan kaartbyld. Sa kinne jo neist de behearsipkaart ek noch de ambysjekaart, agraryske sykgebiedekaart en alle wizigingen oangeande it foarige plan ynsjen.
Sjenswize yntsjinje
Wolle jo in sjenswize yntsjinje op it Untwerp Natuerbehearplan Fryslân 2027, dan kinne jo gebrûk meitsje fan it ûndersteand digitaal formulier. Wolle jo de sjenswize leaver oer de post stjoere of email? Dan kinne jo it formulier ûnderoan de side downloade en ynfolje. It postadres is op it formulier fermeld. Wolle jo de sjenswize leaver oer de email ferstjoere, dan kinne jo dy rjochtsje oan: SANL@fryslan.frl.
Jo kinne in sjenswize yntsjinje fan 22 april oant en mei 3 juny 2026.
As jo jo sjenswize ferstjoerd hawwe krije jo fan de provinsje in ûntfangstbefêstiging, dat kin inkeld dagen duorje. Dêrnei wurde de ynspraakreaksjes bondele en beoardiele yn in reaksjenota. Op basis fan de reaksjenota stelle Deputearre Steaten it Natuerbehearplan Fryslân 2027 fêst. Nei it fêststellen krije jo in antwurdbrief mei dêryn de beoardieling fan jo sjenswize.
Mear ynformaasje
Eftergrûnynformaasje oer (agrarysk) natuer - en lânskipsbehear kinne jo fine op de lanlike site www.bij12.nl. Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder.