Natuerbehearplan 2026

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 16 desimber 2025 it Natuerbehearplan Fryslân 2026 en de Reaksjenota Natuerbehearplan Fryslân 2026 fêststeld. 

Wat stiet yn it natuerbehearplan? 

Yn it natuerbehearplan jout de provinsje oan foar hokker gebieten yn Fryslân subsydzje oanfrege wurde kin foar it behear fan natuer, agraryske natuer en lânskipseleminten en wat de betingsten hjirfoar binne.

Digitale kaart 

Dizze kaart jout in yndikaasje oer de subsydzjemooglikheden. Agrarysk natuer- en lânskipsbehear kin allinnich oanfrege wurde binnen de leefgebieten. In natuerbeheartype jout oan wêrfoar, mits iepensteld, subsydzje oanfrege wurde kin. De ambysjekaart jout oan hokker behear op langere termyn winsklik is. Yn it Natuerbehearplan Fryslân 2026 kinne jo dêr mear oer lêze. 

As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knop “Open layer list” (rjochtsûnder) wikselje fan kaartbyld. Sa kinne jo neist de behearsipkaart ek noch de ambysjekaart, agraryske sykgebiedekaart en alle wizigingen oangeande it ûntwerp ynsjen. 

Berop yntsjinje 

Binne jo it net iens mei it nommen beslút of de wjerjeften op de digitale kaarten. Dan kinne jo nei publikaasje binnen 6 wike, fan 3 jannewaris 2026 oant en mei 14 febrewaris 2026, in beropskrift yntsjinje tsjin it Natuerbehearplan Fryslân 2026. Jo kinne in beropsskrift yntsjinje wannear:

  • jo earder in sjenswize yntsjinne hawwe op it ûntwerp Natuerbehearplan 2026, of;
  • jo kinne sjen litte dat jo troch omstannichheden gjin sjenswize op it ûntwerp-Natuerbehearplan 2026 yntsjinje koene, of;
  • de wizigingen nei oanlieding fan in yntsjinne sjenswize in negatyf effekt foar jo hawwe. 

In beropskrift kinne jo yntsjinje by de Rjochtbank Noard-Nederlân ôfdieling bestjoersrjocht, Postbus 150, 9700 AD Grins. Yn it beropskrift moatte jo yn alle gefallen oanjaan:

  • Jo namme en adres;
  • De datum dêr ’t jo it beropskrift op yntsjinje;
  • In omskriuwing fan it beslút dêr ’t jo in berop tsjin yntsjinje;
  • Wêrom ’t jo it berop yntsjinje.

Mear ynformaasje 

Eftergrûnynformaasje oer (agrarysk) natuer- en lânskipsbehear kinne jo fine op de lanlike site www.bij12.nl. Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder. 

Dokuminten

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.