Nei de fakânsje starte wy mei ûnderhâld oan de provinsjale dyk N918 tusken Haulerwyk en De Haule. Wy bringe nij asfalt oan en rjochtsje de dyk opnij yn, sadat dizze better past by it gebrûk en de omjouwing. De dyk krijt in oare yndieling mei markearring lâns de sydkanten fan de rydbaan. Ek passe we de krúspunten by Koumansburg, Blauwe Bos en Skiedingsreed hjirop oan. Op dizze side kinne jo fine wannear't wy wat dwaan sille en wat dat foar jo betsjut. 

Wannear en wat betsjut dat foar jo?

De wurksumheden binne fan moandei 17 augustus oant en mei freed 4 septimber 2026 (wike 34 o/m 36). Yn dy perioade is de dyk dei en nacht ôfsletten foar trochgeand ferkear. De rotonde Rolpaal is ûnder de wurksumheden dei en nacht ôfsletten fan moandei 24 augustus o/m freed 28 augustus. 

Trochgeand ferkear liede wy om fia de N919, N381 en N917 (sjoch taheakke omliedingsrûtekaartsje). Wenje jo fuort oan 'e wei? Dan krije jo apart ynformaasje oer de berikberens fan jo wenning fia de oannimmer.

Overzichtskaartje waar de omleiding en de stremming op aangegeven staat.
Overzichtskaartje waar de omleiding en de stremming op aangegeven staat.

Iepenbier ferfier

Iepenbier ferfier Bussen ride yn dizze perioade fia in oare rûte. Sjoch foar it fuortgean op www.qbuzz.nl foar aktuele reisynformaasje. 

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Nim kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân fia 058 292 59 25 fan moandei o/m freed yn kantoaroeren of mail nei provincie@fryslan.frl