N910 Trekwei
Nei de simmerfakânsje starte wy mei ûnderhâldswurksumheden oan de provinsjale dyk N910 Trekwei fan ôfslach Eastwâld oant ôfslach Hústernoard. De dyk foarsjogge wy fan nij asfalt.
Wat sille we dwaan?
Wy wurkje fan moandei 17 augustus 2026 o/m freed 4 septimber oan de provinsjale dyk de N910. De dyk is mei it wurk dei en nacht stremd foar ferkear. De krusing De Bûnte Hûn is fan moandei 17 augustus o/m freed 21 augustus ôfsletten. Dat is ien wike.
Iepenbier ferfier
It iepenbier ferfier rydt ûnder de wurksumheden in alternative rûte. Witte wêr? Sjoch foardatst fuortgiest op www.qbuzz.nl.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân. Dat kin telefoanysk fan moandei oant en mei freed 058 - 292 59 25 of mail nei provincie@fryslan.frl.