Yn juny fiere wy ûnderhâld út oan de provinsjale dyk N380 yn Aldskoat, fan de kom Heerenveen oant de Schoterlandsewei op'e hichte fan nûmer 70. De dyk krijt nij asfalt en dêrnjonken wurdt dit part fan de N380 ôfwurdearre nei 80 km/o (mei 1 -3 kantmarkearring sûnder asstreep). De bocht by Annabuorren wurdt ôfwurdearre nei 60 km/oere mei grize kantmarkearing.

De wurksumheden fiere wy út fan moandei 8 juny oant en mei freed 19 juny 2026 (wike 24 en 25). Fan de rykswei A 32 ôf is de op- en ôfrit 10 Hearrenfean-Súd yn beide rjochtingen ôfsletten. De N380 sels is yn de hiele útfieringsperioade dei en nacht ôfsletten foar al it ferkear. Hjirûnder fine jo in omliedingsrûtekaart en in detailkaart.

Kaart waar de werkzaamheden en de omleiding op aangegeven staan.

Ontsluting Tjaarda’s laan 

Bewenners benoarden de N380 (Van Bienemaan, Tjeerd Roslaan, Schotertuinen, Veenwijk tot Schoterlandseweg 54) kinne tydlik net fia de gebrûklike omlieding by harren hûs komme. Dizze wenten bliuwe berikber fia Koningin Julianaweg en Tjaarda’s laan. 

Iepenbier ferfier

Under de wurksumheden rydt it iepenbier ferfier fia in alternative rûte. Sjoch foar it meast aktuele reisadvys op www.qbuzz.nl foardat jo fuortgeane. 

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Besite dan de projektside fan de provinsje Fryslân. Jo kinne ek kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 292 59 25 (ma t / m vr) of maile nei provincie@fryslan.frl