N359 Boalsert - Ljouwert
Mei de oanlis fan trije ûndertrochgongen yn de N359 makket provinsje Fryslân de dyk feiliger. De ûndertrochgongen komme op de krúspunten by Boalsert-Noard, Burchwert en Wommels-Noard. BAM Infra wûn de ‘Best Value’ oanbesteging en makke in ûntwerp foar trije ûngelikense krusingen. De wurksumheden binne yntusken yn folle gong! As alles neffens planning ferrint, dan binne de wurksumheden by Burchwert yn april 2024 klear en de wurksumheden by Wommels-Noard yn de boufak fan 2024 klear.
Ofsluting krúspunt Boalsert-Noard
Der is yn ’e ôfrûne tiid hurd wurke oan it krúspunt by Boalsert-Noard. Op it stuit fiere wy de lêste (beton)wurksumheden út oan de ûndertrochgong. Om it krúspunt 'ombouwe te kinnen' moatte wy de dyk ôfslute foar ferkear.
Dy ôfsluting stie pland fan freed 24 novimber (19.00 oere) oant moandei 27 novimber (06.00 oere ). Troch it minne waar giet dizze ôfsluting net troch. Foar it oanbringen fan nij asfalt mei it net te wiet en net te kâld wêze. De nije planning foar de wykeinsluting is fan freed 8 desimber (19.00 oere) oant moandei 11 desimber (06.00 oere ). Ek dizze ôfsluting is ûnder foarbehâld. As it te kâld of te wiet is, sille wy de wurksumheden wer ferpleatse moatte.
By de ôfsluting pleatse wy de fangrail, bringe wy asfalt en streken oan en wurkje wy de bermen ôf. Dêrneist helje wy de heale moantsjes fuort, dy't nedich wiene foar de ovonde. Fan moandeitemoarn ôf kin it ferkear gebrûk meitsje fan de ûndertrochgong. Ek de op- en ôfritten binne dan klear.
De planning is ûnder foarbehâld. Min waar kin derfoar soargje dat de wurksumheden útrinne.
Ferkear liede wy wilens dizze wykeinôfsluting om fia Snits, oer de A7 en de N354. Mear ynformaasje oer it iepenbier ferfier fine jo op www.arriva.nl/halte(eksterne keppeling).

N359 feiliger
De ûndertrochgongen meitsje de dyk aanst feiliger foar sawol auto- as fytsferkear. De snelheid op krúspunten giet wer nei 100 kilometer yn de oere. Dat befoarderet de trochstreaming fan it ferkear. Foar fytsers komt der in apart fytspaad yn de ûndertrochgong, sadat se feilich en ûnbehindere ûnder de dyk trochride kinne.

Hinder beheine
Om de hinder foar it ferkear by de útfiering fan de wurksumheden safolle mooglik te beheinen, wurde der tydlike bypasses en tydlike rotondes oanlein. Sa kinne (fracht)auto's, lânbouweinen en fytsers feilich by de wurksumheden lâns ride. Ferkear hoecht net om te riden, útsein in pear wykeinôfslutingen fanwege it oanlizzen of fuort heljen fan de bypasses.

Burchwert
Yn Burchwert binne wy drok dwaande yn de bouput. De folykonstruksje is oanbrocht en wy binne dwaande mei it oanbringen fan in pompput. Dy pompput soarget aanst foar in goede wetterôffier fan reinwetter dat de tunnel ynrint. Nei’t de pompput deryn sit kinne wy mei de rioelearring oan ‘e gong. Dêrnei kinne de wanden en it dek stoart wurde.
As alles mei sit dan binne de wurksumheden by Burchwert yn april 2024 klear.
Wommels-Noard
De tydlike rotonde by Wommels-Noard is fuort en it ferkear kin fia de nije op- en ôfritten by it wurk del ride. No kinne wy dêr ek begjinne mei it ferlizzen fan de kabels en liedingen en it útgraven fan de bouput.
As alles neffens planning ferrint, dan binne de wurksumheden by Wommels-Noard yn de boufak fan 2024 klear.
Digitale nijsbrief
Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de N359? Meld jo dan fia ûndersteande knop oan foar de digitale nijsbrief. Fanwegen privacy wetjouwing meie wy de eardere oanmeldlist spitigernôch net mear brûke. Hawwe jo jo earder oanmeld dan freegje wy jo dit nochris te dwaan, om der wis fan te wêzen dat jo yn de takomst ynformearre bliuwe oer de wurksumheden oan de N359. Hawwe jo gjin emailadres, mar wolle jo wol graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum

Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei ús klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.