N356 Sintrale As
Yn dizze maitiid yn 2026 fiere wy, provinsje Fryslân, ûnderhâld út oan De Sintrale As (N356). Ek de turborotonde en de rotonde by de N 361 nimme we mei. Wy lizze nij asfalt oan, meitsje de bermen sterker en wurkje oan de geleiderails.
De dyk bliuwt safolle mooglik iepen
Wy dogge der alles oan om de dyk ûnder de wurksumheden iepen te hâlden. Dêrom ferdiele wy it wurk yn fazen. By in grut part fan de wurksumheden kin it ferkear riden bliuwe. Wol binne der minder rydstroken en jildt der in legere snelheid. It ferkear rydt dan yn beide rjochtingen oer ien rydstrook. Foar de feiligens bliuwe de op - en ôfritten by Broeksterwâld yn dizze perioade wol ôfsletten.
Wêrom dochs ôfslutingen?
Om dit feilich dwaan te kinnen, moatte we de dyk trije kear in lang wykein hielendal ôfslute. Yn dizze wykeinen bouwe wy it systeem op, passe wy it oan en helje wy it wer fuort. Hjirûnder lêze jo wannear't dit bart.
- Wykeindafsluting 1: Fan tongersdei 7 maaie 18.00 oere oant moandei 11 maaie 06.00 oere is de dyk dei en nacht ôfsletten.
- Dyk iepen: Fan moandei 11 maaie 06.00 oere oant tongersdei 4 juny 18.00 oere is de dyk iepen mei ien rydstrook de rjochting.
- Wykeindafsluting 2: De dyk is op'e nij ôfsletten fan tongersdei 4 juny 18.00 oere oant moandei 8 juny 06.00 oere.
- Dyk iepen: Fan moandei 8 juny 06.00 oere oant tongersdei 2 july 18.00 oere, is de dyk wer iepen mei ien rydstrook de rjochting.
- Wykeindafsluting 3: Yn it lêste wykein gongen wy it wurk ôf. De dyk is dan ôfsletten fan tongersdei 2 july 18.00 oere oant moandei 6 july 06.00 oere.
Omliedingskaarten binne ûnderoan dizze side te lêzen.
De hiele perioade, fan tongersdei 7 maaie 18.00 oere o / m moandei 6 july 06.00 oere, binne de op - en ôfritten by Broeksterwâld ôfsletten.
De Falom (Haadwei)
By alle wurksumheden is De Falom (Haadwei), fan de rotonde Broeksterwâld oant De Falom, in bestimmingsstrjitte. Dat betsjut dat allinnich bestimmingsferkear hjir ride mei. Trochgeand ferkear is net tastien.
Feilige skoalrûte yn Damwâld
Yn'e wykeinôfslutingen sette wy op frijdagen ferkearsregelers yn foar in feilige oerstek:
- Krúspunt Haadwei-Thiedamawei-Conradi Veenlandjitte
- Krúspunt Haadwei-T.E. Teunissenwei-Badhúswei
De ferkearsregelers binne oanwêzich fan 07.45 oant 08.45 oere en fan 13.45 oant 14.45 oere.
Wykeindafsluting 1
Fan tongersdei 7 maaie 18.00 oere oant moandei 11 maaie 06.00 oere is de dyk dei en nacht ôfsletten.

Dyk is iepen mei ien rydstrook de kant út
Fan moandei 11 maaie 06.00 oere oant tongersdei 4 juny 18.00 oere is de dyk iepen mei ien rydstrook de rjochting.

Wykeindafsluting 2
De dyk is op'e nij ôfsletten fan tongersdei 4 juny 18.00 oere oant moandei 8 juny 06.00 oere.

Dyk is iepen mei ien rydstrook de kant út
Fan moandei 8 juny 06.00 oere oant tongersdei 2 july 18.00 oere, is de dyk wer iepen mei ien rydstrook de rjochting.

Wykeindafsluting 3
Yn it lêste wykein gongen we it wurk ôf. De dyk is dan ôfsletten fan tongersdei 2 july 18.00 oere oant moandei 6 july 06.00 oere.

Iepenbier ferfier
Bussen ride ûnder de wurksumheden in oare rûte. Sjoch foar it fuortgean op www.qbuzz.nl.
Fragen?
Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 292 59 25 (moandei o/m freed) of mail nei provincie@fryslan.frl.