N354 Wâldsein
Ein april is de provinsje Fryslân mei ûnderhâldswurksumheden oan de provinsjale dyk N 354 op hichte fan Wâldsein. De dyk is ta oan grut ûnderhâld. De earste faze is woansdei 13 maaie klear. Op moandei 18 maaie starte wy mei faze 2. Op dizze side fine jo alle ynformaasje oer dit wurk.
Wat sille we dwaan?
De dyk foarsjogge wy fan nij asfalt en by de rotonde moatte de betonstroken ferfongen wurde. By de Wellebrug dogge wy reparaasjewurksumheden.
Fase 2
De earste fase is klear. De rotonde is wer iepen foar ferkear. Yn de twadde fase wurkje wy fan moandei 18 maaie o/m freed 22 maaie. De dyk is dan oerdeis fan 07.00 oere oant 17.00 oere ticht foar ferkear. Bûten dizze tiden is de dyk iepen foar ferkear. Tink derom: op tongersdei 21 maaie bliuwt de dyk nei 17.00 oere ek yn de jûn en nacht ôfsletten. Freed 22 maaie oan de ein fan de middei is de dyk wer folslein iepen foar ferkear.

Fytsen
Foar fytsers jildt gjin omliedingsrûte. Dêr wêr nedich wurde sy mei giele buorden by de wurksumheden del laat.
Iepenbier ferfier
It iepenbier ferfier rydt ûnder de wurksumheden in alternative rûte. Witte wêr't de bus wol en net del giet? Sjoch foardat jo fuortgeane op www.qbuzz.nl.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân. Dat kin telefoanysk fan moandei oant en mei freed 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.