N354 Skearnegoutum
Dizze maitiid sette wy útein mei ûnderhâldswurk oan de provinsjale dyk N354 by Skearnegoutum. Wy foarsjogge de dyk fan nij asfalt om de kwaliteit en ferkearsfeiligens te ferbetterjen. De wurksumheden fiere wy út yn twa fazen.
Faze 1
De earste faze fynt plak fan tiisdei 26 maaie oant en mei freed 29 maaie 2026 (wike 22). We wurkje dan oan de rotonde by Skearnegoutum. Yn dizze wike is de dyk alle dagen ôfsletten foar ferkear tusken 07.00 oere en 17.00 oere. Bûten dizze tiden is de dyk iepen.
Faze 2
De twadde faze fan de wurksumheden fiere wy út fan moandei 1 juny oant en mei freed 12 juny 2026 (wike 23 en 24). Yn dy perioade wurkje wy oan it weifak fan hektometerpealtsje 20.6 oant de rotonde by de Stedsrûnwei. Yn dizze faze is de dyk ek op wurkdagen ôfsletten tusken 07.00 oere en 17.00 oere en bûten dizze tiden tagonklik foar ferkear.

Under de wurksumheden jilde omliedingsrûtes. Wy advisearje jo rekken te hâlden mei in langere reistiid.
Iepenbier ferfier
It iepenbier ferfier rydt ûnder it wurk fia in alternative rûte. Foar aktuele reisynformaasje kinne jo terjochte op de webside van Qbuzz.
Fragen?
Hawwe jo fragen oer it wurk, dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 (moandei oant en mei freed) of fia de e-mail fia provincie@fryslan.frl. Wy wurkje begjin maaie ek oan de N354 ter hichte fan Wâldsein. Dêroer fine jo mear ynformaasje op N354 Woudsend | Fryslan