Subsydzjeregeling monuminten Fryslân
Subsydzjeregeling 2025
Dy subsydzje kinne jo yntsjinje fan 15 oant en mei 19 septimber 2025. Heal juny pleatse wy de oanfraachformulieren dêrfoar.
De provinsje Fryslân stelt yn 2025 € 2.662.000 beskikber foar it werstel fan monuminten yn Fryslân. Eigeners fan karakteristike gebouwen, gemeente - en (griene) ryksmonuminten kinne hjirfoar in oanfraach yntsjinje tusken 15 en 19 septimber.
Der binne seis ûnderdielen fan it budzjet foar soarten monuminten.
- Restauraasje fan boude ryksmonuminten (ek dielrestauraasjes);
- Werbestimming fan boude ryksmonuminten;
- Restauraasje fan griene ryksmonuminten;
- Restauraasje en werbestimming fan boude gemeentlike monuminten en karakteristike pannen;
- Underhâld fan ryksmonumintale mûnen;
- Plankosten foar restauraasje by werbestimming.
Dit is regele yn de Subsydzjeregeling Monuminten Fryslân 2025. Deputearre Steaten hawwe dy fêststeld op 22 april 2025.
Foar wa is de subsydzje?
De subsydzje is foar natuerlike persoanen en privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy 't eigener of saaklik gebrûksberjochtige binne fan in monumint. Sy moatte de subsydzje-oanfraach yntsjinje.
Eigeners fan in wenhûs-monumint kinne gjin subsydzje oanfreegje mei dizze regeling. Se kinne wol kâns meitsje op in liening út it restauraasjefûns. Of út de lanlike Woonhuisregeling foar ûnderhâld.
Wannear freegje jo subsydzje oan?
De regeling is iepen fan 15 oant en mei 19 septimber 2025. Foar it ûnderdiel 6-Plankosten is de regeling wat langer iepen: fan 15 septimber oant en mei 17 oktober 2025. Wat earder oft jo yntsjinje, wat geunstiger, want wy wize ta op folchoarder fan binnenkomst.
Tink derom, it is foar elk monumint mooglik om ien oanfraachformulier yn te tsjinjen. kombinearre oanfragen binne dus net mooglik.
Wat dogge wy mei jo oanfraach?
Wy wize it subsydzje ta op folchoarder fan binnenkomst. As der mear oanfragen binne op in dei as der budzjet beskikber is, sille wy lotsje wa't de subsydzje krijt.
Jo krije uterlik yn desimber 2025 fan de provinsje Fryslân de beskikking fan de subsydzje. It Restauraasjefûns docht dêrnei it finansjele ôfhanneljen fan subsydzjes dy 't troch ús ferliend binne.
Hoefolle subsydzje is der beskikber?
1a | Restauraasje ryks monuminten en restauraasje by werbestimming Ryksmonuminten | € 1.477.000 |
1b | Restauraasje ryksmonumintale pleatsen yn agrarysk gebrûk | € 300.000 |
2 | Restauraasje fan griene ryksmonuminten | € 225.000 |
3 | Restauraasje by werbestimming fan in gemeentlik monumint of karakteristyk bouwurk | € 250.000 |
4 | Underhâld ryksmonumintale mûnen | € 375.000 |
5 | Plankosten | € 35.000 |
Totaal | € 2.662.000 |
Hoe freegje jo subsydzje oan?
Foar elke fan 'e seis kategoryen is in oanfraachformulier beskikber. Dêryn steane de fragen dêr 't jo oan foldwaan moatte by de oanfraach. Jo kinne in formulier ûnderoan dizze side downloade. Folje it formulier folslein yn en doch alle frege bylagen ta. Tink der goed om, om tefoaren te kommen dat jo subsydzje misrinne.
Jo kinne jo oanfraach op 3 wizen yntsjinje: digitaal, oer de post of persoanlik ôfjaan by de baalje op it provinsjehûs. Yn de praktyk binne de bylagen by in oanfraach grut. Jo meie de bylagen dêrom yntsjinje op in USB-stick. Stjoer dy mei it ûndertekene oanfraachformulier of jou dy ôf by de baalje.
Ien fan de bylagen dy't jo meistjoere sille, is in begrutting. Brûk dêrby dit format en kies foar “Gebouwd” of “Grien” monumint.
Digitaal oanfreegje
Jo kinne it formulier ek online ynfolje mei jo kompjûter. By it iepenstellen fan de subsydzjeregeling kinne jo digitaal jo oanfraach yntsjinje.
Yn dit proses logge jo yn mei DigiD of E-werkenning. Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle bylagen kinne jo online taheakje. Hokker bylagen nedich binne, sjogge jo by de formulieren ûnderoan dizze side.
Fjouwer oandachtspunten foar de oanfraach
Foar de subsydzje-oanfraach freegje wy jo omtinken foar fjouwer ûnderwerpen. Begjin dêrom op 'e tiid foar de oanfraach:
- Fergunning en Ontheffing Wet natuerbeskerming
- Learlingewurkpleats
- Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen en ynspeksje
- (Net) Subsydzdiabele kosten
1. Fergunning en Ontheffing Wet natuerbeskerming
Mooglik hawwe jo foar de restauraasje of werbestimming in omjouwingsfergunning of in gemeentlik monumintfergunning nedich. Tink der dan om dat jo dy foar 15 septimber 2025 yntsjinje, dus foar jo de subsydzje oanfreegje.
Gean ek nei oft jo in ûntheffing nedich hawwe foar de Wet natuerbeskerming. Jo kinne dy ûntheffing streekrjocht by de provinsje oanfreegje of de ynstimming fia de omjouwingsfergunning by de gemeente rinne litte. Dizze ûntheffing stiet los fan jo subsydzje-oanfraach by de provinsje Fryslân.
De provinsje freget foar de ûntheffing gjin leezjes as jo dy oanfreegje as partikulier monuminte-eigener of ideële stichting. Betingst dêrby is dat der mei de wurksumheden in maatskiplik belang is, lykas it behâld fan kultureel erfgoed. En gjin kommersjeel belang.
2. Learlingewurkpleats
Hâld jo foarôf ek rekken mei it folgjende: As jo subsydzje út de regeling krije, dan binne jo ferplichte om learlingen wurkplakken beskikber te stellen foar it restauraasje-fak. Foar mear ynformaasje en it pleatsen nimme jo kontakt op mei de Restauraasje Opleidings Projekten-koördinator Hilke Janssen. Belje: 06 - 20 40 20 55 of mail nei: rop@restauratienoord.nl. Mear ynformaasje fine jo op www.restauratienoord.nl
3. Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen en ynspeksje
As jo it maksimum resultaat út jo subsydzje helje wolle, gean dan yn see mei in bedriuw út it register Kennis en Kunde. Dit register biedt in oersjoch fan alle bedriuwen dy 't bewiisd hawwe dat se wurksumheden oan monuminten op de goede wize útfiere. Jo kinne sykje op jo regio, of op in beskaat spesjalisme, lykas glês yn lead of pleisterwurk.
Noch in tip: Binne jo eigener fan in monumint of in karakteristyk pannen/bouwurk? Jo kinne in abonnemint nimme op de Monumentenwacht. Dêrmei kinne jo tsjin in subsidiearre leech taryf in ûnôfhinklike ynspeksje fan jo pân útfiere litte.
4. (Net) Subsydzdiabele kosten
Biket út jo ûndersyk foar dizze subsydzje-oanfraach dat der kosten binne dêr 't jo gjin subsydzje foar krije kinne? Wa wit is it foar jo geunstich om jo in liening te freegjen fia it Nationaal Restauratiefonds.
Hawwe jo fragen oer jo subsydzjeoanfraach?
Meiwurkers fan de ôfdieling Subsydzjes helpe jo graach by jo fraach. Belje 058 - 292 59 25 of mail nei: subsidies@fryslan.frl.