Mei-inoar soargje foar sterke doarpen yn Fryslân
Hoe hâlde wy foarsjennings yn ús doarpen beskikber en berikber, ek as it draachflak ûnder druk stiet? En hoe soargje we derfoar dat ynwenners inoar moetsjen bliuwe kinne en meidwaan kinne? Dat freget om gearwurking. Mei de nije DOM-regeling stipet de provinsje Fryslân gemeenten en ynwenners by it finen én útfieren fan oplossings dy't passe by harren doarp en de omjouwing.
Yn Fryslân ha we in soad aktive en belutsen doarpen. Ynwenners sette harren yn foar harren feriening, it doarpshûs en oare foarsjenningen. Mar dat wurdt hieltyd dreger. Troch ûnder oare fergrizing, stigende kosten en in tekoart oan frijwilligers steane hieltyd mear foarsjenningen ûnder druk.
Net elk doarp kin alle foarsjenningen selsstannich yn stân hâlde. Dêrom is it wichtich om fierder te sjen as de grinzen fan it eigen doarp. Wat hawwe ynwenners nedich om noflik wenjen bliuwe te kinnen? Hokker foarsjennings binne wichtich? En kinne doarpen dêryn gearwurkje?

Mei-inoar wurkje oan oplossingen
De provinsje Fryslân fynt it wichtich dat foarsjennings yn doarpen beskikber en berikber bliuwe. Net allinnich no, mar ek yn de takomst. Dêrom stelt de provinsje 3,2 miljoen euro beskikber foar de nije subsydzjeregeling Doarpsûntwikkelingsmaatskippijen (DOM). De regeling helpt gemeenten en ynwenners om mei-inoar plannen te meitsjen en dy ek út te fieren. Dêrby stiet de DOM-metoade sintraal. In oanpak wêrby't ynwenners, ferieningen en gemeenten mei-inoar ûndersykje wat nedich is foar de takomst fan harren doarp of gebiet. “Mei dy regeling smite wy de lapen gear yn Fryske doarpen. Troch gearwurking oer grinzen hinne sille foarsjennings op it plattelân berikber bliuwe”, jout deputearre Sijbe Knol oan.
Ynwenners witte faak sels it bêste wat der spilet en wêr't kânsen lizze. Gemeenten hawwe de kennis en mooglikheden om plannen fierder te bringen. Troch dy krêften te bondeljen, ûntsteane oplossingen dy't net allinnich op papier goed wurkje, mar ek oanslute by wat doarpen nedich hawwe. In ûnôfhinklike DOM-tinker helpt dêrby. Dy bringt partijen byinoar, begeliedt de petearen en helpt om mei-inoar doelen te bepalen. Want gearwurkje klinkt ienfâldich, mar freget ek om tiid, fertrouwen en soms om it loslitten fan besteande ideeën. Sjoerd Hoekstra, programmamanager by de provinsje en betinker fan de DOM-metoade, ferwurdet it sa.“ Net fan boppenôf of ûnderop, mar troch it midden.”
Ynspiraasje út Denemarken
Om te sjen hoe't gearwurking tusken doarpen yn de praktyk wurkje kin, reizge de provinsje gear mei fertsjintwurdigers fan gemeenten en doarpskoördinatoaren nei Denemarken. Yn de gemeente Syddjurs besochten sy Mols, in gebiet dêr't 24 lytse doarpen gearwurkje oan harren takomst. Dêr wurkje doarpen neffens de oanpak Village Clusters. Yn stee fan elk foar him plannen te meitsjen, ûndersykje ynwenners mei-inoar wat harren gebiet nedich hat. Hokker foarsjennings wolle se behâlde? Wat kinne se diele? En hoe soargje se derfoar dat ideeën ek echt útfierd wurde?
In resultaat fan dy gearwurking is Molsvaerket, in mienskiplik moetings- en aktiviteitesintrum foar it gebiet. It sintrum lit sjen wat der mooglik is as doarpen mei-inoar kieze en harren krêften bondelje.
De Deenske oanpak hat in soad oerienkomsten mei DOM. Ek dêr bepale ynwenners sels wat wichtich is en helpt in ûnôfhinklike begelieder om plannen fierder te bringen. De besite joech gemeenten en doarpskoördinatoaren ynspiraasje om mei de DOM-metoade oan de slach te gean en mei ynwenners te sjen nei de takomst fan foarsjennings yn harren doarpen.
Fierder sjen as it eigen doarp
Mei de nije DOM-regeling ferskoot de oandacht fan wenjen nei foarsjennings. Dêrby giet it net allinnich om it behâlden fan besteande foarsjennings, mar benammen om de fraach wat doarpen mei-inoar nedich hawwe.
Dat kin betsjutte dat foarsjenningen dield of byinoar brocht wurde op ien plak. Bygelyks as meardere doarpen muoite hawwe om in eigen sportferiening of moetingsromte yn stân te hâlden. Troch mei-inoar te sjen nei wat mooglik is, kinne nije oplossings ûntstean. Dat freget somtiden ek om oare karren. In foarsjenning hoecht net altyd yn it eigen doarp te stean om fan wearde te wêzen. Wichtich is dat ynwenners der gebrûk fan meitsje kinne en dat foarsjennings goed berikber binne.
Mei de DOM-regeling krije gemeenten en ynwenners stipe om dat petear te fieren, mienskiplike plannen te ûntwikkeljen en dy ek út te fieren.
Mei-inoar wurkje oan 'e takomst
De krêft fan ús Fryske doarpen sit yn de belutsenens fan ynwenners. Mar we kinne net ferwachtsje dat sy alle útdagingen sels oplosse. Dêrfoar is gearwurking nedich tusken ynwenners, ferieningen, gemeenten en provinsje. Mei de nije DOM-regeling wol de provinsje Fryslân dy gearwurking fersterkje. Net troch as provinsje te bepalen wat in doarp nedich hat, mar troch gemeenten en ynwenners te helpen om mei-inoar karren te meitsjen en plannen út te fieren. Soms betsjut dat fierder sjen as de eigen doarpsgrinzen en foarsjenningen mei-inoar diele.
Want úteinlik giet it derom dat foarsjennings beskikber en berikber bliuwe en dat ús doarpen ek yn de takomst plakken binne dêr't minsken noflik wenje kinne, inoar moetsje en meidwaan kinne.
Mear ynformaasje: www.wijzijndom.frl
Gemeenten kinne fan 20 oktober oant en mei 19 novimber 2026 subsydzje oanfreegje.