Mei inoar foar in leefbere provinsje - lokkich en sûn libje yn Fryslân
De Friezen wurdearje de leefberens yn harren omjouwing mei hast in acht. Leefberens is de basis fan it lok yn Fryslân. It giet om in noflike plak om te wenjen, foarsjennings dy’t berikber binne, in sterke mienskip en in sûne libbensomjouwing. Yn ús leefberensbelied lizze wy út hokker ûntwikkelings der op Fryslân ôfkomme en wat de ynfloed dêrfan is op de leefberens. Wy bringe yn kaart wat de provinsjale fokus op leefberens is en út hokker rollen wy bydrage kinne oan it behâld en de fersterking dêrfan. As provinsje steane wy der net allinne foar. Wy oparbeidzje mei maatskiplike ynstellingen, oare oerheden en útfieringsorganisaasjes, meastentiids yn gearwurkingsferbannen. Dat dogge wy op ferskate skaalnivo’s: fan lokaal oant Europeesk.
Belied
Leefberens is in breed begryp. It giet oer yn hoefier’t de libbensomjouwing oanslút by de winsken fan ús ynwenners. Tink oan goede wenningen en foarsjennings, in sûne omjouwing, de beskikberens fan banen en opliedingen en oan hoe’t wy mei-inoar libje. Yn de Beliedsbrief leefberens: Lokkich en sûn libje yn Fryslân ûnderskiede wy trije tematyske pylders:
- De sosjale mienskip. Hjir leit de klam op frijwilligers, ferieningen, moetingsplakken en maatskiplike inisjativen.
- De sûne mienskip. Yn dizze pylder giet it oer in sûne libbensomjouwing en omtinken foar sûnens yn alle beliedsfjilden..
- De gelike mienskip. Hjir giet it om tagong ta ûnderwiis, berikberens fan foarsjennings en lykweardige kânsen om mei te dwaan yn de maatskippij.
Yn de beliedsbrief wurde de ûntwikkelings oer de lange termyn yn kaart brocht. Benammen demografyske feroarings lykas fergrizing, ûntgriening en yndividualisearring binne ûnderskiedend foar hoe’t minsken de leefberens ûnderfine. As provinsje drage wy by oan leefberens troch te fasilitearjen (kennis diele), te ferbinen (gearwurkje en netwurkje), te agindearjen (omtinken freegje foar maatskiplike tema’s) en troch finansjeel te stypjen. Dat lêste dogge wy oan de hân fan doelrjochte subsydzjes.
Hoe’t wy bedrage, wurdt bepaald troch ús liedende prinsipes. Dy kinne as folget gearfette wurde:
- Wy jouwe de minske it foaroanplak;
- Wy ynvestearje yn duorsume fersterking;
- Wy stribje nei in lykwichtige geografyske fersprieding fan ynset en ynvestearrings;
- Wy ynvestearje yn de krêft fan mienskippen;
- Wy wurkje yntegraal mei oare beliedsfjilden.
De boadskip en kearnpunten fan de beliedsbrief binne mei yllustraasjes gearfette yn in animaasje.
Utfiering
Dêr’t de beliedsbrief de grutte linen útset en de tema’s bepaalt, makket it útfieringsprogramma konkreet wêr’t wy de kommende jierren mei oan ’e slach geane. Begjin 2026 wurdt in útfieringsprogramma foar de perioade 2026–2027 fêststeld. Yn dat útfieringsprogramma wurde konkrete aksjes, yntervinsjes en projekten beskreaun dy’t passe binnen de trije tematyske pylders. Alle pylders drage by oan it behâld en it fersterkjen fan de leefberens yn Fryslân.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer leefberens? Nim dan kontakt op mei beliedsadviseurs Egbert de Vries (e.devries@fryslan.frl) en Arjan Douma (a.douma@fryslan.frl).