Mei-inoar fierder yn de sirkulêre transysje
Hoe't VCF en provinsje Fryslân inoar fuortsterkje
2025 wie in bysûnder jier foar de sirkulêre ekonomy yn Fryslân. In jubileumjier, fol aktiviteiten, moetingen, nije gearwurkingen en grutskens. Mar foaral waard it dúdlik hóe sterk de bondeling fan krêften is tusken Vereniging Circulair Friesland (VCF) en de provinsje Fryslân. Oer dy gearwurking gie ik yn petear mei Jantie van der Laan en Tjeerd Hazenberg.
VCF: mei-inoar flugger foarút
Jantie van der Laan is programmamanager oerheden by VCF. Har missy is dat oerheden op grûn fan harren eigen rol en posysje de transysje nei in sirkulêre ekonomy stimulearje en dat yn oparbeidzjen mei bedriuwen dogge. Se helpt en ferbynt oerheden om harren rol yn de sirkulêre transysje te pakken: fia belied, fia ynkeap en bou en foaral troch fan inoar te learen en gear te wurkjen. "Oerheden ûnderskatte faak hoefolle ynfloed se hawwe", fertelt se. “Troch sirkulariteit útgongspunt te meitsjen, kennis te dielen en tûk gear te wurkjen, giet it folle flugger. Ik hearde dêr lêsten in hiele moaie omskriuwing foar: ‘proudly copied’. Hoechst net hieltyd op 'e nij it tsjil út te finen.”
De provinsje as 'mooglikmakker'
Tjeerd Hazenberg is beliedsadviseur Ekonomy by de provinsje Fryslân. Hy sjocht de provinsje as 'mooglikmakker' fan de sirkulêre beweging. Fansels yn 'e mande mei in soad oare partijen, want hast inoar dêrby nedich. “Wy dogge as provinsje in soad sels, mar hast altyd yn gearwurking mei VCF,” leit er út. “Ik neam VCF wolris ús ‘bûtenboardmotor’: ûnôfhinklik, goed ferbûn en krekt op it plak dêr’t oerheid, bedriuwslibben en ûnderwiis byinoar komme. Sûnder harren stiene wy net wêr’t wy no steane.” De provinsje sjocht mei in brede eachweid nei it gehiel. Neffens Tjeerd heart dat ek by de taak fan de provinsje, omdat krekt dêr it totaalplaatsje sichtber wurdt: "Wy moatte mear tiid nimme om te reflektearjen: wat wurket goed, wat kin better? Troch dat soarchfâldich te dwaan, ferbetterje wy takomstige projekten."
Hoe't VCF ûntstie: út bedriuwen wei, mei stipe fan de provinsje
VCF ûntstie 10 jier lyn fan ûnderen op. Bedriuwen seagen it belang fan de sirkulêre ekonomy en woene mei-inoar fierder. Dat groeide út ta in échte feriening dêr't elkenien yn meidocht: alle Fryske oerheden, ûndernimmers, ûnderwiis en maatskiplike organisaasjes. Sûnt it alderearste idee wie de provinsje derby behelle. De deputearre fan doe seach it belang fan sirkulêr wurkjen en holp by ûndersyk, it byinoar bringen fan partijen én finansjele stipe. Mei dêrtroch koe VCF útgroeie ta in sterk, ûnôfhinklik netwurk dat de hiele regio meinimt yn de sirkulêre transysje.

Inoar fuortsterkje: in natuerlike wikselwurking
Beide partijen fine de gearwurking fanselssprekkend, natuerlik en lykweardich. VCF ferbynt organisaasjes en minsken op in leechdrompelige wize, sûnder bestjoerlike belangen en druk. De provinsje soarget foar belied, rjochting en regionaal draachflak. Mei-inoar binne wy sterker as allinnich. Tjeerd fettet it moai gear: “Wy binne as in tandem, ûnôfhinklik dêr’t it moat en ferbûn wêr’t it kin. En altyd mei itselde doel: mear faasje meitsje mei ympakt. Troch fierder te sjen as in politike perioade, hâlde wy koers én rêst.” Jantie knikt ynstimmend en follet oan: “Earst de relaasje, dan de prestaasje. Om’t dy basis sterk is, kinne wy mei-inoar safolle berikke.”
It jubileumjier: sichtber, grutsk en somtiden yntinsyf
2025 wie in jier fol hichtepunten: fan nasjonale en Europeeske kongressen oant lokale Iepen Hûs-mominten en ekskurzjes. In soad besikers kamen om te sjen wat der yn Fryslân bart op sirkulêr mêd. "It wie in fantastysk jier," fertelt Tjeerd. "Yntinsyf, mar wy sjogge grutsk werom. We wurken hurd, mar mei in ôfgryslik soad wille. Dat krijst ast deselde missy dielst.” De ekspedysjes yn maart sprongen der foar beiden út. Op ien dei seagen besikers tal fan foarbylden fan sirkulêre ynnovaasje. Bedriuwen wiene grutsk om harren ferhaal te dielen. De dei einige yn de Ljouwerter Harmonie mei in diner fan fjouwer sjefs: in symboalyske ôfsluting yn in hast magyske setting, troch it ymposante útsjoch op de ûndergeande sinne. Ek ynternasjonaal foel Fryslân op, fan de Circular Summit oant petearen yn São Paulo. “Dat oaren ús sjogge as ynspiraasjeboarne is bysûnder,” seit Jantie. “Wy binne der noch net, mar wy litte wol sjen hóe ast gearwurkest. Dêr sit ús krêft."
Foarútsjen: fan eveneminten nei ferdjipping
Yn 2026 wolle VCF en de provinsje fierder bouwe op de útkomsten fan it GAP-rapport, in rapport dat it nivo fan sirkulariteit yn Fryslân yn kaart bringt en sjen lit wêr't de grutste kânsen lizze om fergriemerij te ferminderjen en grûnstoffen op ‘e nij te brûken. Der komme takom jier minder grutte eveneminten: de fokus sil foaral lizze op ynhâldlike stappen. Sirkulêr tinke moat hieltyd mear de standert wurde foar bedriuwen, oerheden én ynwenners. It ûnderskiedend fermogen fan Fryslân sit yn de wize fan gearwurkjen. De linen binne koart, de belutsenheid is grut en minsken witte inoar gau te finen. Dat past by it Fryske DNA. VCF is boppedat in echte feriening. Leden kenne inoar, fine inoar maklik en wurkje op grûn fan dielde wearden. De gearwurking mei de provinsje soarget derfoar dat de beweging net allinnich by de leden bliuwt, mar de hiele regio berikt en ympakt hat.

Mei-inoar fierder
VCF en de provinsje wurkje ek yn de kommende jierren mei-inoar oan in sirkulêre takomst foar Fryslân. Der is romte foar nije ideeën, nije doelen en nije gearwurkingen.
Ien ding stiet foar Jantie en Tjeerd fêst: "Mei-inoar komst fierder. Mei-inoar makkest mear ympakt. En mei-inoar bliuwt Fryslân foaroprinnen yn de sirkulêre ekonomy."