It beskermjen fan natuergebieten wurdt regele yn ’e Wet natuerbeskerming. Foaral de oanwiisde Natura 2000-gebieten krije dêrby omtinken om ’e yn dy gebieten kwetsbere natuer te beskermjen.

Natura 2000-gebieten yn Fryslân

Natura 2000 is in netwurk fan beskerme natuergebieten yn Europa dêr’t bysûndere bisten en planten yn foarkomme. It Natura 2000-netwurk omfiemet de wichtichste natuergebieten fan Europa. 162 fan dy gebieten lizze yn Nederlân; 20 dêrfan lizze foar in part of alhielendal yn ’e provinsje Fryslân. Foar elk gebiet is in beheerplan opsteld.

Wolle jo mear ynformaasje oer dy gebieten, dan kinne jo sjen op ’e website van de Rijksoverheid (ministerie LNV)(eksterne link). Jo fine dêr, njonken de offisjele besluten, ek algemiene ynformaasje oer it gebiet en ynformaasje oer de ferskillende soarten en habitattypen (fegetaasje) dêr’t it gebiet foar oanwiisd is. As jo in aktiviteit útfiere wolle, dan moatte jo mei dy soarten en habitattypen rekken hâlde.

Fergunning oanfreegje

It is soms lestich om gewaar te wurden oft jo in fergunning nedich hawwe. As paadwizer jildt: jo hearre in fergunning oan te freegjen as:

  • jo projekten realisearje wolle of dingen dwaan wolle yn in gebiet dat oanwiisd is as Natura 2000-gebiet;
  • net útsletten wurde kin dat jo aktiviteiten en/of wurk yn it gebiet de kwaliteit oantaaste fan natuerlike habitats of de habitats skea tabringe. As ûnderbouwing fan jo oanfraach heart (ôfhinklik fan ’e effekten) yn ’e measte gefallen in quick scan en natuertoets meilevere te wurden. As bliken docht dat negative effekten net út te sluten binne, hearre jo in passende beoardieling mei te leverjen;
  • net útsletten wurde kin dat jo aktiviteit en/of wurk in fersteurend effekt hat op ’e plante- en bistesoarten dêr’t it gebiet foar oanwiisd is;
  • dy aktiviteiten net neamd binne yn it behearplan Natura 2000 foar it oanbelangjende gebiet.

Ôfhanneling oanfraach

De proseduere foar it ôfhanneljen fan jo oanfraach ferrint neffens de neikommende stappen:

  • Foardat jo in oanfraach yntsjinje, hearre jo kontakt hân te hawwen mei de provinsje. As jo jo inisjatyf foarlizze wolle, dan nimme jo kontakt op mei de Frontoffice Wet natuerbeskerming. De Frontoffice soarget dat in fergunningferliener kontakt mei jo opnimt. Op dy wize binne jo goed op ’e hichte fan ’e ynformaasje dy’t wy graach fan jo hawwe wolle. Dêrtroch kin de proseduere flugger ferrinne.
  • Jo kinne jo oanfraach online yntsjinje (link). Wolle jo leaver op in oare wize jo oanfraach yntsjinje? Dan kinne jo it ynfolle oanfraachformulier oer de e-mail opstjoere nei it e-mailadres wnb@fryslan.frl. Jo kinne jo oanfraach ek oer de post ferstjoere.
  • Nei’t jo oanfraach ynkommen is, stjoere wy jo in ûntfangstbefestiging mei in saaknûmer dêr’t jo oanfraach ûnder registrearre is. By dy ûntfangstbefestiging wurdt faaks ek in nota meistjoerd foar it beteljen fan legeskosten(eksterne link). De behannelingstermyn fan in oanfraach hat in prosedueretiid fan 13 wiken. As dêr ferlet fan is, kin de prosedueretiid ienkear ferlinge wurde mei 7 wiken. Oanfollings kinne jo ek stjoere nei ûndersteand e-mailadres.
  • Wy hifkje jo oanfraach ynhâldlik en geane nei oft dy oan ’e wetlike easken foldocht. As der mear belanghawwenden anneks binne mei jo inisjatyf, kinne sjochwizen frege wurde, foardat in beslút nommen wurdt.

Wy nimme it definitive beslút. Belanghawwenden kinne yn in termyn fan 6 wiken beswier yntsjinje. De beswiertermyn fan 6 wiken hat gjin útstellende wurking. Dat hâldt yn dat jo oan ’e slach kinne, sadree’t de fergunningstermyn yn it beslút fan ’e ein giet.