LIFE All4Biodiversity

Yn it LIFE All4 Biodiversity programma wurket provinsje Fryslân gear mei ferskate partijen om de kwaliteit fan natuergebieten yn Nederlân te ferheegjen. Troch ferdrûging, fersnippering of tefolle stikstof stiet de natuer ûnder druk. All4Biodiversity wol dêr wat oan dwaan mei in seisjierrich programma (2020 -2025 ).

Mei dit programma wolle wy de kwaliteit fan natuergebieten yn Nederlân ferheegje troch in allesomfiemjende oanpak foar it behear fan de Natura 2000 gebieten te ûntwikkeljen yn gearwurking mei alle lânbrûkers. Dus ek yn Fryslân.

Mear ynformaasje oer All4Biodiversity.

Strand met duinen op de voorgrond

All4Biodiversity yn Fryslân

Op de Waadeilannen fine je unike natuer dêr 't je genietsje kinne fan rêst, moaie lânskippen en in echt fakânsjegefoel. Plant - en diersoarten dy ' tst nearne oars fine silst. Om dizze natuer te beskermjen en it lokale bioferskaat te ferheegjen, wurde der ferskate pilots opset troch All4 Biodiversity. Sa sil provinsje Fryslân mei partners yn it gebiet oan de slach om it lokale lângebrûk mear natuerynklusyf te meitsjen, de wetterhúshâlding te optimalisearjen en de kwaliteit fan de natuer op de eilannen te ferheegjen.

duinen met op de achtergrond een bewolkte lucht

Op de eilannen sette Provinsje Fryslân, Agrarisch Collectief Waddenvogels, Wetterskip Fryslân, de wadden gemeenten, Natuurmonumenten, Staatsbosbeheer, Vogelbescherming, de pleatslike fûgelwacht, agrariërs en It Fryske Gea harren yn foar de folgjende haadopjeften:

  • It oanpassen fan de wetterhúshâlding yn de polders yn guon pilotgebieten: troch yngrepen yn de wetterhúshâlding yn de polder kinne mear natuerlike (grûn)wetteroergongen ûntstean yn en om de Natura 2000 - gebieten;
  • It opsetten fan pilots foar natuerynklusive lânbou en agrarysk natuerbehear;
  • It ûntwikkeljen fan in stakeholdernetwurk rûnom Natura 2000 - gebieten op de eilannen en bewustwurding fan elkenien impact;
  • It ûntwikkeljen fan in KANO (foar bioferskaat) foar bioferskaat.

Wolst mear witte oer it waadgebiet? Sjoch dan op Wadden | Fryslan.

Rapportaazje Basiskwaliteit Natuer en Lânskip yn Fryslân 

Mei basiskwaliteit natuer bedoele wy de basisbetingsten dy’t gewoane planten en bisten nedich hawwe om libje te kinnen. It giet dêrby net om beskerme natuergebieten, mar krekt om it lânskip dêr bûten: lykas lânbougebieten, doarpen en stêden. Yn Fryslân prate wy fan basiskwaliteit natuer en lânskip (BKNL). Dat dogge wy omdat natuer en lânskip hjir sterk mei-inoar ferbûn binne en wy grutsk binne op ús Fryske lânskip. 

Mei tank oan finansiering fanút it LIFE-projekt All4Biodiversity hawwe Landschapsbeheer Fryslân, Altenburg & Wymenga en Werkend Landschap yn 2025 ûndersocht wat BKNL betsjutte kin foar de Fryske lânskippen. Dêrby is gebrûk makke fan besteande Fryske ideeën en plannen, lykas Grutsk op ús lânskip, Mei it Ferline Foarút en Natuerlik Fryslân 2050. Yn it rapport 'Naar een Friese BKNL' en it dêrby hearrende werkwijzedocument steane de resultaten fan dizze ferkenning. Se binne bedoeld as ynspiraasje en helpmiddel foar oerheden, ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes dy’t bydrage leverje wolle oan mear biodiversiteit en in oantreklik lânskip bûten beskerme natuergebieten.