Learline foar nije bestimming tsjerkegebouwen
Yn Fryslân steane hieltyd mear tsjerkegebouwen leech of komme ûnder druk te stean. De provinsje Fryslân fynt it wichtich dat dizze byldbepalende gebouwen behâlden bliuwe foar de takomst. Dêrom biedt de provinsje fan novimber 2026 ôf fergees de learline Behoud je kerkgebouw oan tsjerkebestjoerders yn Fryslân oan. Sy kinne dêrby yn acht deidielen in plan meitsje foar de takomst fan harren tsjerkegebou.
De learline is de earste konkrete aktiviteit dy't foarútrint op de ekstra middels dy't Provinsjale Steaten by de ramtnota 2027 beskikber steld hawwe. Mei dat budzjet wol de provinsje nije ynstruminten ûntwikkelje om eigeners fan tsjerkegebouwen better by behâld, oerdracht en nije bestimming te stypjen. Sa binne der middels beskikber steld foar de oprjochting fan in fûns (€500.000,- yn ’t jier) dat helpt by it oerbrêgjen fan finansjele tekoarten by kwetsbere tsjerkegebouwen. Dat moat bydrage oan suksesfolle oerdracht en nije bestimming fan tsjerken. Dêrneist wol de provinsje de stipe oan organisaasjes, dy't tsjerke-eigeners advisearje en begeliede, útwreidzje (€85.000,- yn ’t jier). It fûns en de oanfoljende stipe binne beskikber yn de perioade 2027-2031. De beliedsramten dêrfoar wurde yn de twadde helte fan 2026 fierder útwurke.
Deputearre Eke Folkerts: “Us monumintale tsjerken spylje in wichtige rol yn it ferhaal fan Fryslân en foarmje in wêzentlik ûnderdiel fan ús identiteit. Mei dizze learline jouwe wy yn `e mande mei de tsjerkebestjoerders in ympuls oan it behâld fan tsjerken yn Fryslân.”
Start op 6 novimber 2026
De learline begjint op 6 novimber 2026. Yn trije kursusdagen en twa online gearkomsten wurkje dielnimmers oan takomstplannen foar harren tsjerkegebou.
Begelieding troch eksperts
Dielnimmers wurde by de learline begelaat troch eksperts op it mêd fan nije bestimming, eksploitaasje, finânsjes, duorsumens en analyze fan ‘e omkriten. Oan 'e ein fan it trajekt beskikke hja oer in konkreet en op maat makke takomstplan dêr't se daliks mei fierder kinne.
Ynskriuwe foar de learline ‘Behoud je kerkgebouw’
De provinsje biedt de learline fergees oan, oan tsjerkebestjoerders yn Fryslân. De ûntwikkeling fan de learline en de organisaasje dêrfan is yn hannen fan de ErfgoedAcademie. Ynskriuwe kin oant 20 septimber 2026 fia de webside fan de ErfgoedAcademie.