LEADER
LEADER is in subsydzjeprogramma foar projekten op it plattelân. Europeeske, lanlike, provinsjale en gemeentlike oerheden ynvestearje fia LEADER mei-inoar yn ideeën út de maatskippij dy't soargje foar in moai en leefber plattelân. Subsydzje út it LEADER-programma is yn de perioade fan 2024 -2027 beskikber foar inisjativen yn de regio's Noardwest-, Súdeast- en Súdwest-Fryslân.
Oanfragen moatte passe binnen de troch in regio opstelde Lokale Ontwikkelstrategie. Fia de LEADER-webside kinne jo de Lokale Untwikkelstrategy fan de regio’s Noardwest-, Súdeast- en Súdwest-Fryslân ynsjen. It giet dêrby om subsydzje-oanfragen fan € 50.000,- oant € 125.000,-. Projekten dy't LEADER-subsydzje krije, moatte uterlik 30 juny 2028 ôfrûne en ferantwurde wurde. Oanfragen foar it LEADER-programma kinne yntsjinne wurde fia de webside fan it SNN.
Fan de start fan dizze LEADER-perioade yn 2024 ôf binne der al in soad moaie projekten stipe mei in finansjele bydrage út it LEADER-programma. Dizze projekten binne werom te finen op Projectkaart – Leader Fryslân. It is op dit stuit noch net bekend oft der yn 2027 noch in (lêste) mooglikheid komt om subsydzje oan te freegjen.
Hawwe jo as ynwenner, ûndernimmer of bestjoerslid fan in feriening of stichting in goed idee foar in moai en leefber plattelân? En freegje jo jo ôf oft jo idee oanslút by de Lokale Ontwikkelstrategie fan Noardwest-, Súdeast- of Súdwest-Fryslân en der noch subsydzjemooglikheden by it LEADER-programma foar jo idee yn 2027 binne? Nim dan kontakt op mei de LEADER-koördinator fan jo regio Noardwest, Súdeast of Súdwest.
Mear ynformaasje oer it LEADER-programma foar Noardwest-, Súdeast- en Súdwest-Fryslân fine jo op de webside fan LEADER Fryslân.