Kursus polityk aktyf foar de provinsje Fryslân
Op tiisdei 7 april start yn Ljouwert de kursus Polityk Aktyf foar de provinsje. De kursus is bedoeld foar elkenien dy't mear witte wol oer de provinsje en dy't miskien ynteresse hat om polityk aktyf te wurden, mar noch net krekt wit wat de mooglikheden binne. Oanmelde is fergees en kin fia statengriffie@fryslan.frl of 058 - 292 89 96.
Wat docht de provinsje? Hokker plak hat de provinsje yn it bestjoer fan Nederlân? Hoe wurket de beslútfoarming binnen de provinsje? Wat docht in Steatelid? Op dy fragen - en mear! – krije dielnimmers oan de kursus antwurd. Dêrneist is der in training debattearjen en binne der moetingen mei politisy en bestjoerders út de provinsje om ûnderfiningen út de praktyk te hearren. As ôfsluting nimme dielnimmers plak yn de bankjes fan de Steaten en ûnderfine se wat in steategearkomste is.
Programma
De kursus bestiet út fiif gearkomsten:
Gearkomste 1: Yntroduksje en kennismakking
- hoe wurdt Nederlân bestjoerd en wat is dêryn it plak fan de provinsje?
- ferkiezingen / politike partijen
Gearkomste 2: De provinsje
– hoe wurket de provinsje?
– de beslútfoarming binnen de provinsje
– beynfloedzje fan de beslútfoarming
Gearkomste 3: Provinsjale Steaten
– taken en rollen fan Provinsjale Steaten
– de ynstruminten fan in Steatelid
– basiskennis provinsjefinânsjes
– speeddaten mei Steateleden
Gearkomste 4: Oertsjûgjend debattearjen
Gearkomste 5: Steategearkomste
Mear ynformaasje
De kursus wurdt fersoarge troch:
ProDemos – Hûs foar demokrasy en rjochtssteat.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de kursus Polityk Aktyf foar de provinsje op: www.fryslan.frl/ontmoet-en-beleef