KPI-doelstjoering: kin dat tûker?

Doelstjoering yn de lânbou en it wurkjen mei Krityske Prestaasje Yndikatoaren (KPI ’s) is ien fan de spearpunten yn de Maatregelpakketten Lanlik Gebiet - pakket Lânbou. Wy riede in algemiene subsydzjeregeling ta dy't yn 2026 iepensteld wurdt. Dêrmei kinne dielnimmende boeren op basis fan harren bedriuwsresultaat beleanne wurde. Om dizze regeling sa goed mooglik ynfolling te jaan, binne der yn de hjerst fan 2025 yn Fryslân fjouwer pilots pland, yn gearwurking mei in tal kollektiven. Doel hjirfan is om de KPI-monitor foar melkfee en ikkerbou, dêr't de ôfrûne tiid folop oan wurke is, earst te testen.

In soad belangstelling 

Ut de kollektiven wei is der in soad belangstelling om mei te draaien yn dizze pilots. Kollega's Thomas Veenstra en Frida de Vries binne hjirfoar it oansprekpunt en hawwe tegearre mei Jacob Wassenaar in tal gearkomsten fan kollektiven besocht: de Waadrâne, Baarderadiel, Westergo en ELAN (yn Súdeast-Fryslân), om mear te fertellen oer it doel fan de pilots en hoe't dit derút komt te sjen.

Mooglike yndikatoaren 

Nei it draaien fan de pilots oant en mei sirka maart 2026 en rapportaazje yn april, is it doel om yn de rin fan 2026 in subsydzjeregeling iepen te stellen, wêrby't boeren op basis fan harren prestaasjes rûnom emisjerduksje, sirkulariteit, wetter, klimaat, bistewolwêzen en natuer beleanne wurde kinne. De regeling wurdt iepensteld foar de kollektiven. Dy begjinne in projekt op om it wurkjen mei KPI’s hinne en fiere dat út. Boeren dy't meidwaan wolle, kinne har melde by it kollektyf yn harren gebiet. Ek net-leden kinne meidwaan oan de monitor. Dielnimmende boeren krije dêrmei mear ynsjoch yn harren bedriuwsresultaten en hânfetten om dy (noch mear) te ferbetterjen.

Dêr ’t it slute kin wy oan by de KPI's fan it bedriuwslibben en oare oerheden, dêrneist binne wy ek tige ynteressearre yn gebietsspesifike KPI's.

Konstruktyf meitinke 

KPI’s stelle in boer by steat om mear hannelingsperspektyf te hawwen yn syn of har bedriuw. Dêrnei kinst foar de KPI’s beleanne wurde troch oerheden, merkpartijen of de maatskippij. Dêrby is boarging fan data tige wichtich, krekt as de yntegraliteit fan de KPI’s dêr't op beleanne wurdt. It is net allinnich wichtich om te witten oft prestaasjes echt helle binne, mar ek dat der sa min mooglik ôfwinteling plakfûn hat op miljeu, klimaat of op it eigen bedriuwsresultaat.

Wurkje mei KPI’s betsjut net dat de boer it noait goed dwaan kin. Krekt oarsom, dizze wurkwize kin oan de bûtenwacht sjen litte hoe dreech oft it is om yn de breedte fan it bedriuw goed skoare te kinnen op bygelyks klimaat, stikstof, bistewolwêzen of sirkulariteit. Dêrom is de fraach ek net oan de boer oft hy / sy it goed docht, mar oft it tûker kin!

Planning Fryske Monitor Tûk Buorkjen 

De provinsje stipet har boeren graach, en wurket op folle toeren oan mear hannelingsperspektyf foar de sektor fia KPI’s, in proefperioade mei pilots en dêrnei it iepenstellen fan in beleanningsregeling foar alle boeren yn 2026. Wy dogge dit ûnder de namme fan de Fryske Monitor Tûk Buorkjen.

Wy binne no yn de ôfrûnjende faze fan petearen oer de ynfolling fan de pilots, dy't sa't it no stiet yn novimber draaie sille. Wy hâlde jo op'e hichte oer it ferfolch, oer de planning fan de regeling en it iepenstellen fan de monitor Tûk Buorkjen.