Een gebouw waar met zilverkleurige letter Piers' Stee op staat met daaronder een zwaard
(eksterne keppeling)
Klik op 'e foto om it filmke te besjen
Een geel bord in het gras met blauwe letters en een pijl naar rechts wijzend. Er staat Ruurd Wiersma Museum op.
(eksterne keppeling)
Klik op 'e foto om it filmke te besjen

Gebou-eigeners kinne mei it Klimaat Ontzorgingsprogramma fan provinsje Fryslân mei it duorsumer meitsjen fan harren gebouwen oan ‘e slach. Dêrmei kinne gebou-eigeners bydrage oan de totale fermindering fan CO2 en sa oan in leefbere takomst meiwurkje. Dit inisjatyf jildt foar lytse gebouwen mei in maatskiplik doel, bygelyks yn lytsere gemeenten, fan skoalbestjoeren yn it primêr en fuortset ûnderwiis en fan soarchoanbieders mei in lyts tal fêstigings, sportbedriuwen, kulturele ynstellings en doarps- en buerthuzen. 

Klimaat Ontzorgingsprogramma

KlimOp is it Fryske Klimaat OntzorgingsProgramma foar it duorsumer meitsjen fan lyts maatskiplik fêstgoed. Fan 2021 ôf kinne eigeners fan lytse maatskiplike gebouwen foar it duorsumer meitsjen fan harren gebouwen by it troch it Ryk betelle Ontzorgingsprogramma verduurzamen maatschappelijk vastgoed(eksterne keppeling). Fia dat programma kinne sy gebrûk meitsje fan de kennis en ynset fan eksperts by it duorsumer meitsjen fan harre gebouwen. Sa krije de eigeners fan lytser fêstgoed, dy’t faak net folle of hielendal gjin kennis, minsken en middels yn hawwe, de mooglikheid om harren gebouwen duorsumer te meitsjen.

H​oe wurket it?

Nei oanmelding fia de webside fan KlimOp nimt de troch jo keazen duorsumensadviseur kontakt mei jo op. De adviseur soarget foar it opstellen fan in advys op maat, rjochte op maatregels en finansiering. It is de bedoeling dat de begelieding plakfynt oant en mei it momint dat der in opdracht/kontrakt foar de útfiering opsteld is.

KlimOp doelgroepen

Adviseurs stelle har foar

Ferskate duorsumensadviseurs hawwe harren by de provinsje oanmeld om advyswurk te leverjen foar it ûntsoarchingsprogramma KlimOp. Hjirûnder sjogge jo in oersjoch fan de adviseurs en wurkûnderfining. Jo bepale sels troch hokker adviseur jo holpen wurde wolle. Help nedich by it kiezen? Nim gerêst efkes kontakt mei ús op.

Adviseurs

Hasto doel oer duorsumens en fêstgoed? Kom ús te helpen! Wy binne foar ús ûntsoarchingsprogramma KlimOp op syk nei ekstra duorsumensadviseurs dy't kennis en ûnderfining hawwe oer finansierings- en subsydzjemooglikheden fan ferduorsumingsmaatregels.

Mear ynformaasje(eksterne keppeling)

Duorsume Tsjerken

It yngripend ferduorsumjen fan tsjerken is faak dreech en kostber yn ferbân mei de karakteristiken fan it gebou en de faak beheinde besettingsgraad. Lês mear oer Duorsume Tsjerken

Lês mear oer Duorsame Tsjerken

Budzjet

It budzjet foar it útfieren fan de maatregels falt oars net binnen it programma. Der binne wol oantreklike finansieringsfoarmen. Ek kin socht wurde nei foarmen om de fraach te bondeljen. Dat betsjut datst de foarnommen maatregels by ferskate eigeners gearfoegest, dêrtroch kin it soms makliker wêze om (oantreklike) finansiering te krijen.

Kontakt

Hawwe jo ferlet fan mear ynformaasje of fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia ús KlantkontaktSintrum: 058 - 292 59 25 of klimop@fryslan.frl en freegje nei Gert-Jan Bouma (projektlieder) of Herman Groenwold. 

Kontaktformulier

It ûntsoargingsprogramma maatskiplik fêstgoed is troch it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) mooglik makke. It programma rint oant 1 jannewaris 2025. 

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.