Kinst mei in pear lytse yngrepen al ôfgryslik bot berikke

Dick Tolsma is al tolve jier adviseur enerzjybesparring en kaam troch it KlimOp-programma yn oanrekking mei in grut ferskaat oan gebouwen. Ekstra bliid is er mei de ferduorsuming fan tsjerken.

Kinst yn it koart beskriuwe hoe’t in “gemiddeld” ferduorsumingstrajekt der ûngefear útsjocht? 

“Gemiddeld is miskien in bytsje in nuver wurd hjir, want in projekt fan ferduorsuming ferrint eins altyd fia deselde stappen, oft it no in doarpshûs of in tsjerke is. Je begjinne mei in intake op lokaasje, wêrby't je mei de minsken prate en je se fertelle litte oer wat se op dat plak dogge, hoefolle tiid en wannear't se dy dêr trochbringe en wat se wolle mei it pân, dus wat harren winsken binne en wat de problemen binne dêr't se tsjinoan rinne. Dan folget in opname fan it pân, dan it gearstallen fan in advys en it weromkeppeljen fan dat advys nei de klant en dan sille sy dêrnei oan de slach om de juste fakminsken te finen foar de werklike ferduorsuming. Soms bied ik dan noch help oan yn it oanfreegjen of beoardieljen fan offerten.” 

Wat fersteane wy ûnder in opname?

“Dat ferskilt wol per pân, mar yn it koart komt it der op del dat ik it hiele pân yn gedachten ôfbrek en dêrnei wer, mei tafoeging fan de ferduorsumere yngrepen, wer opbou fia myn software. Dêrmei kreëarje ik in model dêr't alle konstruksjes, de technyske ynstallaasje en de ferljochting yn ynfierd binne en dat jout my in goed ynsjoch yn de hjoeddeistige enertyske steat fan it gebou. Dêrneist sjochst ek de grutte enerzjybrûkers, dus eleminten as ferwaarming, fentilaasje of ferljochting. Ik neam dat ôfbrekken ek wol ôfpeljen, omdat ik it hiele pân trochnim op mooglike ferbetteringen. Dus watfoar glês sit der yn, hoe sjocht de gevel der út, watfoar ferljochting sit der yn, hoe wurdt der fentilearre, ensafuorthinne. En as ik it pân dan digitaal yn kaart brocht ha, dan kin ik fia de software oan de knoppen draaie om te bepalen wêr't der ferbetterpunten mooglik binne. Dus wat bart der as ik in hybride waarmtepomp taheakje sil? Of as ik sinnepanielen ynfear?” 

Kinst oanjaan watfoar trajekten ast sa dien hast?

“In hiele moaie dy't my no yn't sin sjit is it doarpshûs yn Burdaard. Dat is mar in lyts doarp, mar dat doarpshûs is enoarm grut, mei fergaderromten, in swimbad en in teäter. It is hiel goed boud, dêr is net folle mis mei, mar fan de enerzjyfoarsjenning kloppe net folle: men hie der ûnder de bou rekken mei hâlden dat it oansletten wurde soe op in waarmtenet, mar dat kaam net fan de grûn, wêrtroch't it pân dochs noch mei gas ferwaarme wurde moast en se mei in enoarm ferbrûk opskipe sieten. Dêr ha ik doe in plan foar makke en it docht bliken dat de hjoeddeistige cv-tsjettels ienfâldich ferfongen wurde kinne troch meardere ôfsûnderlike waarmtepompen. En om it enerzjyneutraal te meitsjen kinne de nedige sinnepanielen op de dakken pleatst wurde. Fierder ha ik fia KlimOp in soad soarchynstellingen fan advizen foarsjoen, dus fysioterapy - en toskedokterspraktiken, mar bygelyks ek tsjerken. Dêr wie ik hiel bliid mei. Tsjerken betsjutte in soad foar de maatskippij mar wiene yn earste ynstânsje útsletten fan dielname. Daar heb ik sterk voor gelobbyd en in de laatste fase kon deze categorie ook aansluiten. In soad minsken tinke dat it tige dreech is om te ferduorsumjen, mar de wierheid is dat je mei in pear ienfâldige grepen al in hiel soad berikke kinne. Fansels is it wol wat yngewikkelder om in monumintaal pân te ferduorsumjen omdatst dan rekken hâlde moatst mei alderhande beheiningen, mar mei elk gebou kinst wol wat.” 

Hokker saken foelen dy ûnder it projekt op?

“Dat de measte minsken der op har eigen wize al in bytsje mei dwaande binne - miskien troch de stigende enerzjyprizen fan in pear jier lyn. En dat hjirtroch de reewilligens om oan ferduorsumingsprojekten mei te wurkjen ek folle grutter wurden is. Der binne doarpshuzen, dat haw ik echt meimakke, dy't op in stuit net mear iepen koene jûns omdat de enerzjyrekken oars de spuigatten útrinne soe. Op sa'n momint sille minsken wol yn sjen hoe wichtich it is om it roer om te smiten. Ik bin tolve jier lyn dit fak yngien út idealisme wei, mar ik hoegde ynienen net mear te preekjen. Ik hoopje fansels dat no de prizen wer wat keldere binne, de dy't reewilligens bliuwt bestean.” 

Wat binne útdagingen/knyppunten by de ferduorsuming?

“Ik tink dat it belangrykste om te melden is dat it yn guon gefallen hiel dreech is om oer te stappen fan gas nei elektrisiteit omdat gebouwen soms in swierdere oansluting op it elektrisiteitsnet nedich hawwe, mar dat dat net kin omdat it hjoeddeiske net faak oerbelêste wurdt. Dan komst by de ferduorsuming soms net fierder as it oanpakken fan wat ik de skyl fan in gebou neam, dus de isolaasje en it glês en kinst allinnich oerstappe op in hybride waarmtepomp om't in folslein elektryske waarmtefoarsjenning net slagget.” 

Wat fynst fan it KlimOp-programma? Wat gong der goed, binne der saken dêr'tsto fan fynst dat wy se oars oanpakke moatten hiene?

“Ik fûn it fantastysk dat it der wie. Ik haw der fansels in soad wurk oan oerhâlden, mar der is yn in relatyf koarte tiid ek in soad berikt en wat ek hiel goed wurke wie dat der koarte linen mei de provinsje wiene en dat myn winsk om ek tsjerken yn it programma mei te nimmen honorearre waard. Dêrneist wie de mearsidichheid oan gebouwen en brûkers tige nijsgjirrich en leuk. Wat better kinnen hie wie dat wy ynearsten (dit is letter feroare) hiel wiidweidige advizen skriuwe moasten. Dêr krigest ek in kwalitatyf trochrekkene advys foar mar dat kostet ek in soad tiid en jild. En dat hat jild koste dat miskien better tsjinje kinnen hie om dit projekt langer duorje te litten. Letter yn it programma binne wy minder djipgeande rapporten begûn te skriuwen wêrtroch't mear dielnimmers betsjinne wurde koene..” 

Binne der saken dy'tst meijaan wolst rjochting polityk en/of oaren?

“Ik sprek hjirby de hoop út dat de polityk ek yn'e takomst yn'e ferduorsuming ynvestearjen bliuwt. Yn it advysdiel, lykas no by KlimOp, mar ek foar de útfiering, want organisaasjes hawwe dêr faak net genôch jild foar. Dêrneist soe it ferstannich wêze om nei te tinken oer de start fan in fûns foar ferduorsuming. Dêr soene organisaasjes en boargers dan jild tsjin in leech rintetaryf liene kinne om te ferduorsumjen. Der is no bêst in soad subsydzje foarhannen, mar mei sa’n fûns krijst it as oerheid noch werom ek..”