Jieroersjoch kommissaris fan de Kening Arno Brok

2025 wie in enervearjend en rûzich jier, dat skriuwt de kommissaris fan de Kening Arno Brok yn syn jierferslach dat in ynsjoch jout fan syn wurksumheden yn it ôfrûne jier. 

De gefolgen fan ynternasjonale spanningen wiene fielber yn de provinsje, der wiene in soad wikselingen yn boargemasterslân en der is op in soad mêden noch wurk te dwaan, tink oan de bestriding fan ûndermining en it fersterkjen fan it kwetsbere Waadgebiet. De kommissaris luts der in soad op út om mei minsken en organisaasjes te praten. Fan wurkbesites oant de Rede fan Fryslân en fan Keninklike ûnderskiedingen oant it earste ljipaai; alles komt foarby.

Jieroersjoch kommissaris fan de Kening