IMF-subsydzje foar 18 projekten yn Noardwest-Fryslân
Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 18 inisjativen yn de regio Noardwest-Fryslân. Yn de earste iepenstellingsperioade fan 2025 giet der mei-inoar €240.000,- nei projekten foar leefberens yn de mienskip. Ien fan de honorearre projekten is ‘DE POLDER EN DE MOLEN’ yn de Hempensermeerpolder by Ljouwert.
It subsydzje wurdt brûkt foar it meitsjen fan in, fergees tagonklike, fêste eksposysjeromte mei in audiofisuele presintaasje yn en om it bysûndere ryksmonumint de Himpenser poldermole. Dy mûne foarmet mei it gemeentlik monumint de Hempensermeerpolder de meast yntakt bleaune drûchmakkerij fan Nederlân. De eksposysje ‘De molen en de polder’ jout de besiker in byld en mear ynsjoch yn de fassinearjende skiednis fan de polder en de mûne.
Yn in gearwurking mei ferskate partijen sil der in foar de mûnewrâld unike ‘state of the art’ presintaasje makke wurde op de 1e souder fan de Himpenser poldermole. It doel dêrfan is de earste souder sa yn te rjochtsjen dat in besiker yn likernôch 15 minuten op in goed te begripen, boeiende wize yn ‘e kunde komt mei aspekten as Kultuerhistoarje, Lânskipsskiednis, Natuer, Wettertechnyk en -behear.
Folsleine ynvestearring: €87.550,- Bydrage út it Iepen Mienskipsfûns €26.000,-
Iepen Mienskipsfûns
Ek yn 2025 kin der subsydzje oanfrege wurde. De twadde oanfraachperioade rint fan 22 septimber o/m 16 oktober 2025. De wichtichste betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. De projektadviseurs binne beskikber foar it begelieden en advisearjen fan de inisjatyfnimmers by it oanfreegjen fan subsydzje foar harren projekt. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op https://www.fryslan.frl/imfaanvragen