Iepenloftspullen

Foar iepenloftspullen dy't útfierd wurde yn de simmerperioade 2026 is fan 2 febrewaris 2026 ôf oant en mei 2 april 2026 de regeling Iepenloftspullen iepensteld.

In iepenloftspul is in Frysktalige (muzyk)teaterproduksje of in (muzyk)teaterproduksje yn in Fryske streektaal dy't yn de iepen loft plakfynt yn de perioade maaie o/m septimber.

De betingsten

Foar iepenloftspullen dy't útfierd wurde yn de simmerperioade fan 2026 kin yn de iepenstellingsperioade fan 2 febrewaris 2026 ôf in subsydzje-oanfraach yntsjinne wurde. Wichtich is dat it iepenloftspul út de lokale mienskip wei ta stân komt en dat de spilers begelaat wurde troch professionals. De toetsingskritearia kinne jo fine yn paragraaf 3.4 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Hichte fan it subsydzje

De regeling is bedoeld foar stichtings en ferienings dy’t al ris earder in iepenloftspul produsearre hawwe. It subsydzje is maksimaal € 10.000, - en bedraacht net mear as de folsleine begrutte kosten.

Foar de oanfraachronde yn 2026 is it subsydzjeplafond fêststeld op € 102.600,-.

Oanfraach yntsjinje 

Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje.

Oanfraachformulier

Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  1. eHerkenning 2 + (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes);
  2. Projektplan;
  3. In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
  4. By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om te ûndertekenjen (úttreksel Keamer fan Keaphannel en evt statuten).

Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.

Mear ynformaasje oer eHerkenning en it oanfreegjen derfan fine jo op www.fryslan.frl/eherkenning.

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.

Mear ynformaasje 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.