Deputearre Steaten hawwe op 2 april 2024 de Startnotysje Fernijing Provinsjale Omjouwings-fyzje fêststeld. Yn de fyzje komme de grutte opjeften foar Fryslân byinoar. Duorsume Enerzjy, Klimaatferoaring en swiet wetter fêsthâlde binne foarbylden fan opjeften dy’t freegje om romte. Dêrby wolle wy de kwaliteiten fan it lânskip fan Fryslân behâlde.

Yn de Startnotysje stiet hoe’t wy yn Fryslân de kommende jierren soarchfâldich de grutte opjeften foar de lange termyn mei-inoar oppakke sille. Hoe’t wy dy by elkoar bringe en hoe’t dy op ferantwurde wize in plak krije kinne yn de romte. De provinsje nimt dêrfoar har rol as gebietsregisseur op. Deputearre Sijbe Knol: “Net alles kin mear oeral. Dat witte wy. Om alle opjeften dwaan te kinnen, hawwe wy mear romte nedich as dat der beskikber is. Dat freget om it meitsjen fan karren. Mei de werhifking fan ús omjouwingsfisy nimme wy dy  ferantwurdlikens op ús. Yn de kommende tiid sille wy karren meitsje moatte foar de takomst fan Fryslân, oant 2050 en dêrnei. Dêrom geane wy mei-inoar, ynwenners, organisaasjes en oerheden, yn de kommende perioade de djipte yn.”

Sprintsesjes

Yn de Startnotysje stiet beskreaun dat de provinsje Fryslân gearwurkje sil mei Fryske gemeenten, it Wetterskip en maatskiplike organisaasjes yn saneamde Sprintsesjes. Dêrby brûke wy trije ynfalshoeken: 1 Lânbou, natuer en klimaatbestindich Fryslân, 2 Oarderjende netwurken foar enerzjy en (sirkulêre) ekonomy, 3 Leefbere stêden en streken.

De relaasje mei de sektoaren en de opjeften (Boaiem, Wetter, Lânbou, Frysk Programma Lanlik Gebiet, Enerzjy, (Gastfrijheids) Ekonomy ensfh.) is lein en op 4 april is der in mienskiplike start fan de gearwurking foar it lizzen fan ferbiningen. De provinsjale Omjouwingsfyzje hat op ynhâld in relaasje mei de Nota Romte fan it Ryk en de Omjouwingsplannen fan de Fryske gemeenten.

Partisipaasjeplan

Sa gau’t it gefolch dúdlik is fan de opjeften mei-inoar op de romte, belûkt de provinsje ynwenners fan Fryslân by de fyzje. Neffens de planning sil dat begjin 2025 wêze. Dêrfoar makket de provinsje in Partisipaasjeplan en brûkt dêrby it belied en de Handreiking Participatie. Dy binne begjin 2023 troch Provinsjale Steaten fêststeld.

De provinsje Fryslân ynformearret mei har webside en social media oer hoe’t it giet mei de aktiviteiten om de Fernijing fan de Provinsjale Omjouwingsfyzje hinne. Ynwenners kinne reagearje op de fernijing fan de Provinsjale Omjouwingsfyzje mei in mail nei povi@fryslan.frl.

Hjoeddeistige fyzje

De provinsje Fryslân hat op it stuit in Omjouwingsfyzje ‘De romte diele’, dy’t Provinsjale Steaten op 23 septimber 2020  fêststeld hawwe. Dat dokumint hat noch hieltyd aktuele prinsipes foar it wurkjen oan de omjouwing, mar dy sille no konkreter wurde en mear hâldfêst biede oan Romtelijke plannen fan gemeenten.