Hermeandering fan De Lende klear: beek kronkelet wer as fanâlds
De Lende krôlet wer as fanâlds troch de beekdelling. Nei twa jier wurk binne acht meanders tusken de Noordwoldervaart en de A32 wersteld. Hjirtroch bliuwt wetter langer yn it gebiet en ûntstiet mear romte foar planten en bisten. Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de gebietspartners fierden woansdei 30 septimber de ôfrûning fan it projekt.
Al 20 jier wurkje de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân, gear mei gebietspartners lykas It Fryske Gea en de gemeente Weststellingwerf, oan de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde. Mei-inoar wolle de partners de beekdelling op it mêd fan natuer, wetter, lânbou en rekreaasje fersterkje en takomstbestindich meitsje. Wa't hjoed-de-dei lâns De Lende kuieret of fytst, sjocht in kronkeljende beek dy't mear romte krigen hat om op in natuerlike wize troch it lânskip te streamen.
Njonken meanders, binne trije petgatten opnij iepenmakke. Petgatten binne langwerpige wetterplassen dy't ûntstien binne troch it ôfgraven fan fean foar it meitsjen fan turf. Dêryn ûntwikkelet him no bysûndere natuer. Ek yn de ûndjipper makke Lendepolder kinne mear ferskillende planten en bisten libje. Rekreanten kinne boppedat noch mear genietsje fan de natuer lâns en op de beek. Der binne twa fytsbrêgen pleatst en der is in kanosteger oanlein.
Nauwe gearwurking yn natuergebiet
It wurkjen yn besteand natuergebiet, op in plak dat dreech berikber is, brocht útdagingen mei him mei. It projektteam moast rekken hâlde mei meardere beskerme bistesoarten, beheinde perioaden om te wurkjen en ferskate subsydzjejouwers. Dat frege om nauwe gearwurking, ynnovative oplossings en fleksibiliteit.
Deputearre Mathijs de Vries fan de provinsje Fryslân: “Dit projekt lit sjen wat der mooglik is as partijen nau gearwurkje en ferantwurdlikheid nimme foar in gebiet. Wy jouwe it wetter mear romte, fersterkje de ekologyske kwaliteit fan it beekdal en drage by oan de bredere opjefte dêr’t wy yn Fryslân foar steane. Dizze oplevering wie in moai momint om it resultaat te fieren.”
De spoaren fan de wurksumheden ferdwine no stadichoan út it lânskip en de kommende jierren kin de natuer him mear ûntwikkelje. Deistich bestjoerder Monique Plantinga fan Wetterskip Fryslân: “De hermeandering is goed voor het water én voor de natuur. Door de kronkels stroomt het water beter, maar minder snel door het gebied. Zo krijgt het beekdal meer ruimte om water vast te houden. Dat helpt bij zowel droogte als hevige neerslag. Tegelijkertijd zorgen de meanders, natuurvriendelijke oevers en de variatie in stroming voor betere leefomstandigheden voor planten en dieren. Daarmee levert dit project een concrete bijdrage aan de doelen van de Kaderrichtlijn Water en maken we van de Lendevallei steeds meer een natuurlijke klimaatbuffer.”
Iepen ynrin: sels De Lende ûntdekke
Op sneontemoarn 3 oktober tusken 09.30 oere en 12.00 oere kinne belangstellenden besjen wat der feroare is de ôfrûne twa jier. By scouting De Linde, Domeinenweg 8 yn Pepergea is in ynformaasjemerk ynrjochte. Ek is der in fyts- en kuierekskurzje by de beek del. Underweis krije minsken te hearren wat der bard is yn it gebiet, wêrom't it dien is en wat it somtiden dreech makke.
Natuerûntwikkeling giet troch
De gebietsûntwikkeling Beekdal Linde is ûndertusken ûnderdiel wurden fan de bredere opjefte op it mêd fan natuer en stikstof yn Fryslân. Yn tuskentiid is úteinset mei de realisaasje fan fiif nije dielprojekten binnen de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde. By De Hoeve binne al natuerfreonlike wâlskanten oanlein en trije meanders makke dy't mei de beek meistreame. It totale dielplan bestiet út 17 hektare nije natuer, 700 meter nije meistreamende meanders en trije ferbettere fiskpassaazjes. Dêrmei draacht it by oan sawol it Natuurnetwerk Nederland as de doelen fan de Kaderrichtlijn Water.
De Lende: reade tried foar mear as allinne gebietsynrjochting
Binnen de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde foarmet de beek De Lende letterlik en figuerlik de reade tried. Gebietsûntwikkeling giet oer mear as allinnich de ynrjochting fan it lânskip. It giet ek oer de minsken dy't der wenje, wurkje en opgroeie. Binnen it projekt ûntstie it idee om de jeugd út it gebiet, mei te nimmen op aventoer yn harren eigen achtertún.
Der is kontakt socht mei de trije basisskoallen yn de streek: OBS De Klaeter yn De Hoeve, OBS De Striepe yn Aldeholtpea en Daltonbasisskoalle Fredericus yn Steggerda. Mei de skoallen en stichting De Veerkieker, dy't him dwaande hâldt mei erfguodedukaasje foar it basisûnderwiis yn Stellingwerf, is in bysûnder lesprogramma foar 2027 ûntwikkele. Dêryn komme alderlei ûnderwerpen oan bar: fan lânskipsleazen en ekology oant boaiem, argeology, hydrology en kultuerhistoarje. Mar foaral draait it om sels ûntdekken en wille meitsjen. Yn de maitiid fan 2027 geane de skoallen twa kear op fjildekskurzje yn de Lendevallei.
Mear eftergrûn en ynformaasje oer de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde en it dielprojekt Hermeandering van De Lende fine jo op www.fryslan.frl/beekdallinde.