Grutskalige sporteveneminten
Foar it organisearjen fan in grutskalich sportevenemint, kin subsydzje oanfrege wurde fan 2 jannewaris oant en mei 30 oktober 2026.
Dizze subsydzjeregeling hat as doel de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te stimulearjen, mei it doel de sportdielname yn Fryslân te fergrutsjen.
It subsydzjeplafond is € 140.000,-.
Subsidiale aktiviteiten
Subsydzje kin oanfrege wurde foar:
- a. in ynternasjonaal sportevenemint
- b. in topsportevenemint of
- c. in breedtesportevenemint
Allinnich rjochtspersoanen lykas in stichting, in besletten fennoatskip of in feriening mei folslein rjochtsfoech kinne foar subsydzje yn oanmerking komme.
Hichte fan it subsydzje
De hichte fan it subsydzje is maksimaal 25% fan de totale subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000,-.
As it evenemint op syn minst seis dagen duorret yn in perioade fan fjirtjin dagen oanien en in oanwiisbere lokale ekonomyske ympuls tewei bringt, kinne jo in maksimum subsydzje fan € 10.000,- freegje.
Oanfraach yntsjinje
Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.
Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes)
- Projektplan;
- Begrutting, sjoch format.
- De-minimisferklearring
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge).
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei ús Klantekontaktsintrum op tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.