Sûnt 2004 stride bekende en ûnbekende Friezen by it Gurt Frysk Diktee foar it Gouden dakje. Kandidaten kinne harren oanmelde en in test meitsje om foar meidwaan yn ‘e beneaming te kommen. Yn 2018 waard der sels in rekôrpoging dien om it grutste diktee yn de iepen loft te organisearjen. Elkenien fan 12 jier en âlder wie wolkom om mei te dwaan. 621 Friezen diene úteinlik mei oan it Grut Frysk Diktee op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De organisaasje fan it Grut Frysk Diktee is yn hannen fan de Afûk, it Centrum Meertaligheid (Cedin), de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân. 

Sjuery Grut Frysk Diktee

De sjuery stelt de tekst fan it Grut Frysk Diktee fêst, hâldt tafersjoch op de wedstriid en wiist de úteinlike winner oan. De útspraak fan de sjuery is binend. De sjuery fan it Grut Frysk Diktee bestie yn 2025 út:

  • Rianne Blokzijl, dosint Frysk 
  • Grietje van der Weg, Cedin
  • Mirjam Vellinga, Afûk
  • Hindrik Sijens, Fryske Akademy

Winners Grut Frysk Diktee

Jiertal

Priiswinner

2025Riekele Hollema, Earnewâld
2024Nynke Duijff, Damwâld
2023Lútsen Bakker, Grins 
2022Lútsen Bakker, Grins 
2018Wopkje Bergmans, Holwerd
2017Lieske Salverda, Gytsjerk
2016Fedde Dijkstra, Wirdum
2015Jan Ybema, Groningen
2014André Looijenga, Groningen
2012André Looijenga, Groningen
2010André Looijenga, Groningen
2008Swaan Postma-Vondeling, Eastermar
2006Fedde Dijkstra, Wirdum
2004Nynke Beetstra, Grou