Grip op Grûn
By de measte gebietsynrjochtings-, natuer- en ynfraprojekten moat in soad grûn en bagger ferpleatst wurde. Projekten dêr’t grûn frijkomt op in tûke manier keppelje oan projekten dêr’t grûn nedich is, dat is it doel fan Grip op Grûn. Net allinne de projekten fan de provinsje, mar ek fan gemeenten, wetterskippen, natuerbehearders, ensfh.
Untstean Grip op Grûn
Grip op Grûn (GoG) is yn 2010 úteinset as projekt fan de provinsje Fryslân. De winsk by de provinsje om effisjinter en strategysk mei grûnstreamen om te gean ûntstie doe’t ferskate komplekse ynfraprojekten yn útfiering giene.
Grip op Grûn wurkwize
Grip op grûn wurket sirkulêr troch grûn op ‘en nij te brûken, mar ek troch transportôfstannen te beheinen en te kiezen foar de transportmetoade dy’t it miljeu it minst belêst. It werbrûken fan grûn, ôfkomstich fan projekten yn ‘e buert, besparret brânstofkosten en ferminderet útstjit fan CO2, stikstof en oare skealike stoffen. Dêrneist is der minder oankeap fan nije grûn nedich en hoege der minder primêre boustoffen, lykas bygelyks sân, wûn te wurden. It transport fan grûn oer it wetter troch skippen leveret minder gefaar op yn ferkear op ‘e dyk. Dizze wurkwize besparret dus tiid, jild en materialen, en draacht boppedat by oan de sirkulêre doelen fan de provinsje.

Sûnt 2020 is de Grip op Grûn wurkwize by de provinsje offisjeel fêststeld. Grip op Grûn koördinearret sawat alle fraach en oanbod fan grûn. Sa kin Grip op Grûn op ‘e tiid keppelkânsen ferkenne en projekten oan inoar keppelje. Op dy manier is der romte om de nedige ûndersiken, meldingen en mooglik it transport te regeljen.
Grip op Grûn kaart
Alle ynformaasje oer grûnstreamen hâldt Grip op Grûn yn in databank by, de saneamde ynteraktive ‘Grip op Grûn kaart’. De kaart jout oan wêr’t grûn nedich is en wêr’t grûn frij komt.Suksesfolle keppelingen wurde werjûn yn in oersjochstabel. De kaart makket gebrûk fan de boaiemkwaliteitskaarten fan Zicht op Grond(eksterne link), Grondverzetviewer Fryslân(eksterne link) en de Omgevingsdienst Flevoland & Gooi en Vechtstreek(eksterne link).
Iepen grutte kaart(eksterne link)
Nije fraach of oanbod tafoegje oan de kaart(eksterne link)
Meldpunt boaiemkwaliteit(eksterne link)
Kontakt
Foar algemiene fragen oer grûnwurk en wat dêrfoar nedich is, of fragen oer it oanfreegjen en/of oanbieden fan grûn, kinne jo kontakt mei ús opnimme fia provincie@fryslan.frl of troch te beljen nei 058 – 292 5925.
Social Media
Grip op Grûn is te folgjen fia Facebook(eksterne link) en LinkedIn(eksterne link).
Nijsbrief
In pear kear per jier ferskynt der in digitale nijsbrief oer de wurksumheden fan Grip op Grûn en oare aktuele ynformaasje op it gebiet fan grûnstreamen. Wolle jo je oanmelde foar dizze nijsbrief? Dat kin fia ûndersteande knop.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.