Giest it besparjen op in stuit as in sport sjen

Omdat it ferwaarmjen fan de histoaryske gebouwen fan iepenloftmuseum De Sûkerei yn Dâmwald lange tiid klauwen mei jild koste, kaam it KlimOpprojekt as roppen. Nei in advys en yngripende ferduorsuming is it museum sa goed as klear foar de takomst.

istewurk moat it west hawwe, it wurk dat de Fryske arbeiders jierrenlang dien hawwe yn it gebou dat no de ûntfangstromte is fan iepenloftmuseum De Sûkerei yn Dâmwald. Om 1900 hinne wie it gebou in sûkereidrûgerij en stiene de arbeiders de hiele dei yn'e damp en de rookwalmen te wurkjen. Mei krêftige ovens en mei boppe elkoar pleatste drûchflierren roasteren se de woartels fan de rispe sûkereiplanten sadat dêr úteinlik surrogaatkofje fan makke wurde koe. Sinchoreikofje fine wy tsjintwurdich op'e ûnderste planke fan'e supermerk, mar yn dy tiid wie it in tige populêr produkt. Fanwegen in ymportferbod kamen der amper reguliere kofjebeane it lân yn en fûnen se yn de surrogaatkofje in alternatyf. Letter kaam de ymport fan kofjebeane wer op gong en kaam der in ein oan it ferbouwen en roasterjen fan de sûkerei, mar it museum hâldt it oantinken oan de bloeitiid fan eartiids yn stân.

Lucht moast der destiids troch it gebou, safolle mooglik, want de woartels moasten drûgje as wiet guod. Mar foar it bestjoer en de mannichte frijwilligers fan De Sûkerei foarmet de romtlikheid fan it gebou tsjintwurdich wol in dilemma: oan'e iene kant wolle se fansels sa min mooglik feroarje oan de autentisiteit fan de grutte iepen romte, mar oan'e oare kant moat der hjirtroch wol aardich stookt wurde om it der wat behaachlik te hâlden. De waarmte stiicht op nei de toppen fan it pân en de kjeld kringt sûnder ophâlden troch kieren nei binnen. En omdat fierderop op it terrein ek noch trije saneamde wâldhúskes steane, âlde wenhúskes fol kwetsbere âld guod dat yn in sucht ferrotsje soe as der net allegeduerigen ferwaarme wurde soe, foarmen de stookkosten in grut part fan it budzjet fan it beskieden museum.

De komst fan duorsumensadviseur Jelte Pars fan Middelsee Consultancy kaam dus as roppen. Pars, dy't fia it troch de Provinsje Fryslân stearte ferduorsumingsprogramma KlimOp mei De Sûkerei yn kontakt kaam, ynventarisearre de situaasje en kaam ta de konklúzje dat der mei in pear lytse yngrepen al in soad besparre wurde koene. "Hy konstatearre in enoarm enerzjyferbrûk", seit Wietse Hansma, ien fan frijwilligers fan De Sûkerei. “Hy ynstallearre in dongel yn de meterkast dêr't it ferbrûk mei yn kaart brocht waard en wêrtroch't wy fuort al in hânfol lytse ferbetteringen oanbringe koene. Pars sleat de dongel oan op de tûke meter, dêrtroch koest it ferbrûk de hiele dei folgje. In kofjeapparaat bliek bygelyks 24 oeren deis oan te stean en yn guon lampen sieten noch halútfanhuzen yn stee fan led-lampen.” Dat it wat kostebesparring op elektrisiteit sûnt dy tiid hurd gien is, toane de sifers fan 2023 neffens it jier derfoar: der waard yn totaal mar leafst 43 persint minder ferbrûkt. Hansma, dy't fjirtich jier ûnderfining hat as ynstallateur: “Giest it besparjen op in gegeven momint as in sport sjen.” 

Mar de grutste klap wie dus te meitsjen yn de ferwaarming fan de pannen. Dit bart mei in troch fjouwer cv-tsjettels oandreaune flierferwaarming, wêrtroch't it - wis mei de tanommen gasprizen fan de ôfrûne jierren - heech tiid waard om oer te stappen op in elektrysk alternatyf. Allinnich, wêr pleatse je in waarmtepomp of sinnepanielen sûnder dêrby ôfbrek te dwaan oan de oanblik fan de âlde pannen? Want it is wol in bytsje nuver om syn moderne waarmtepomp tsjin sa'n âld gebou oan te setten. En ek it winske sinnepanielen pleatse je leaver net op it dak fan sokke âlde pannen. De oplossing is net goedkeap, mar wol needsaaklik: noch dit kalinderjier sille de tritich sinnepanielen op in tichteby lizzende gersfjild en ek foar de waarmtepomp is in geskikt, 'ferburgen' plakje efter in hage fûn. De fjouwer pannen fan De Sûkerei sille dan fia in ûndergrûnsk buizesysteem ferwaarme wurde. Troch de stipe fan Museumfederatie Fryslân hat it museum subsydzjes krigen dy't harren by steat stelde om dizze kostbere ynvestearrings dwaan te kinnen. Wietse Hansma en Bert de Vries, noch sa'n dreaune frijwilliger fan it iepenloftmuseum, binne grutsk op de duorsumheidsmaatregels. “ Achter it iene komt it oare fuort ”, sizze se. “Fansels draait it yn earste ynstânsje om it ynperken fan de kosten, mar it is geweldich om aanst in museum te hawwen dat folslein ierdgasfrij is.”