Dizze subsydzjeregeling is foar ROF partners, Fryske gemeenten en oare publykrjochtlike of privaatrjochtlike rjochtspersoanen.

Der binne twa ûnderdielen yn dizze regeling, nammentlik:

Paragraaf 2.1

Oan te freegjen fan 1 desimber 2023 o/m 31 oktober 2024.

  • Subsydzje foar in jierwurkplan mei ien of mear projekten dy’t mei it Werkplan ROF (nivo 1, 2 en 3) oerienstimme;
  • Subsydzje foar aparte projekten dy’t mei it Werkplan ROF (nivo 2 en 3) oerienstimme.

Partijen kinne subsydzje krije foar:

In jierwurkplan mei ien of mear projekten dy’t mei it Werkplan ROF oerienstimme en dy’t:

  • ynfolling jouwe oan de útfiering fan de ûnderdielen Permanente Verkeerseducatie, Publieksvoorlichting & Campagnes, Beleidsontwikkeling en Facilitering (nivo 1) of;
  • bydrage oan de oanpak fan de Probleemgebieten begjinnende fytsers, begjinnende brommerriders, begjinnende automobilisten en âlderein yn it ferkear (nivo 2) of;
  • ynnovaasjes stimulearje dy’t yn positive sin ynfloed hawwe kinne op risiko’s op ûngelokken, dy’t relatearre binne oan de tema’s alkohol, drugs, medisyngebrûk, faasje, âlderein en ‘ôflieding’ yn it ferkear (nivo 3).

Aparte projekten dy’t mei it Werkplan ROF oerienstimme en dy’t:

  • bydrage oan de oanpak fan de Probleemgebieten begjinnende fytsers, begjinnende brommerriders, begjinnende automobilisten en âlderein yn it ferkear (nivo 2) of;
  • ynnovaasjes stimulearje dy’t yn positive sin ynfloed hawwe kinne op risiko’s op ûngelokken, dy’t relatearre binne oan de tema’s alkohol, drugs, medisyngebrûk, faasje, âlderein en ‘ôflieding’ yn it ferkear (nivo 3).

Subsydzjebedrach

De hichte fan it subsydzje komt oerien mei de bedraggen út it wurkplan ROF fan it oanbelangjende jier.

Paragraaf 2.2

Oanfreger:

Inkeld en allinne oan te freegjen troch gemeenten, dy’t it Frysk Manifest Ferkearsfeilichheid 2011-2025 ûndertekene hawwe. 

Subsydzjebedrach

  • De bydrage foar gemeenten bedraacht € 1,- de ynwenner (peildatum 01.01.2020; boarne oantal ynwenners: CBS) foar it útfieren fan in jierliks útfieringsplan Permaninte Ferkears Edukaasje, ûnder de betingst dat sy sels itselde bedrach beskikber stelle.

In oanfraach yntsjinje:

In oanfraach foar middels út de saneamde €-€ regeling kinne jo dwaan troch in skriftlik fersyk oan Deputearre Steaten te dwaan mei dêrby foege in ôfskrift fan it gemeentlike beslút ta it útfieren fan it útfieringsplan Permaninte Ferkears Edukaasje en it dêrfoar troch de gemeente beskikber stelde bedrach.

NB: As it beslút net fan B&W of de Gemeenteried komt, kin op grûn fan de gemeentlike mandaatregeling de oanfraach yntsjinne wurde troch in amtner dy’t dêrta it foech hat.

It fersyk stjoere jo nei:

Deputearre Steaten fan Fryslân
O.f. Ofdieling Subsydzjes, team Kultuer, Gastfrijheid, Bestimming Fryslân & Grien
Postbus 20120
8900 HM LJOUWERT

Hawwe jo noch fragen?

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei ôfdieling Subsydzjes op 058 – 292 59 25. It mailadres is provincie@fryslan.frl.

Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.