De provinsje hat grûn en wetter yn besit. In part dêrfan is struktureel besit en moat yn eigendom bliuwe fan de provinsje. It oare part wurdt brûkt troch ynwenners fan ús provinsje. Foar it garandearjen fan de feiligens en it ûnderhâld fan de provinsjale (far)wegen, is it wichtich dat it gebrûk goed regele wurdt. Dit wurdt dien yn de foarm fan in oerienkomst.

Provinsjale grûn of wetter brûke sûnder oerienkomst

De kommende tiid werstelt de provinsje situaasjes wêryn't al gebrûk makke wurdt fan provinsjaal eigendom, mar dêr't dat net regele is mei in oerienkomst.

Mei kadastrale gegevens en satellytbylden wurdt it gebrûk beoardiele en hifke binnen de provinsje, by de gemeenten en by Wetterskip Fryslân of it gebrûk tastien wurde kin. As dat it gefal is, nimt in meiwurker fan de ôfdieling Fêstgoed en grûnsaken kontakt op mei de brûker mei in foarstel foar keapje of hiere. As gebrûk net tastien wurde kin, kriget de brûker in brief mei it fersyk de grûn en/of it wetter te ûntromjen.

Unrjochtmjittich gebrûk

Wannear’t it brûken fan provinsjale grûn en/of wetter net regele is mei in oerienkomst, dan wurdt dat ‘ûnrjochtmjittich gebrûk’ neamd. In foarbyld fan ûnrjochtmjittich gebrûk is in tún dy't sûnder tastimming útwreide is yn in provinsjale berm. In lisplak dat sûnder tastimming oanlein is yn provinsjaal farwetter, is ek in foarm fan ûnrjochtmjittich gebrûk.

Feiligens en ûnderhâld fan (far)diken

De provinsje hat de wetlike taak om de feiligens en it ûnderhâld fan provinsjale (far)diken te garandearjen. Dêrom is it wichtich dat de provinsje har posysje as eigener beskermet.

Grûnprizen provinsje Fryslân

Jo kinne it dokumint "Grondprijzenbrief provincie Fryslân 2022" opfreegje fia ús klantkontaktsintrum, telefoannûmer: (058) 292 5925.

Grûnprizenbrief oanfreegje

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.