Gebietsûntwikkeling De Sintrale As

Sûnt 2016 is dûbelbaans autodyk De CeSintrale As (N361) yn gebrûk. Dait is in 22 kilometer lange dyk tusken Dokkum en Nyegea. Tûzenen automobilisten meitsje alle dagen gebrûk fan de dyk. Dêrmei is der foars gâns minder trochgeand ferkear troch doarpen as Damwâld, De Falom, Feanwâlden, Hurdegaryp, Burgum en Garyp. De dyk soarget foar minder oerlêst en ferkearsûnfeilige situaasjes yn doarpen en foar in bettere berikberens fan Noardeast-Fryslân. 

De oanlis fan de autodyk hie gefolgen foar de omjouwingomkriten. Dêrom hawwe wy, mei Gebietsûntwikkelingskommisje De CeSintrale As, plannen makke om de natuer, it lânskip en de leefberens yn it gebiet te ferbetterjen. Tink oan it ferbinen fan natuergebieten, werstelit opknappen fan elzesingels, it ferbetterjen fan de lânboustruktuer en de oanlis fan fyts-, kuier - en ruterpaden. 

De ôfrûne jierren binne der al in soad projekten ôfrûneôfsletten. Op dizze side lêze jo mear oer de gebietsûntwikkelingsprojekten dy't op dit stuit noch yn útfiering binne of pland op ‘e planning steane. Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de ûntjouwingen binnen yn dy projekten? Folgje ús dan op Facebook

Partners fan de gebietsûntwikkeling De Sintrale As binne ûnder oare gemeente Noardeast-Fryslân, gemeente Tytsjerksteradiel, gemeente Dantumadiel, de doarpsbelangen yn it gebiet, Steatsboskbehear, It Wetterskip en It Fryske Gea.

De natuer fersterkje 

Yn Noardeast-Fryslân lizze in tal wichtige grutte natuergebieten. Dat binne de gebieten de Burgumer Mar – de Leijen en Natura 2000 - gebieten de Grutte Wielen, de Alde Feanen en de Lauwersmar. Dyizze gebieten binne oan elkoar ferbûn troch lytsere natuergebieten. Al dyizze natuergebieten meitsje diel út fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN).

It doel is om de ferbining sterker te meitsjen en obstakels fuort te heljen, sadat bisten harren better tusken dy natuergebieten ferpleatse kinne. De obstakels binne bygelyks spoarferbinings en diken dy't bisten oerstekke moatte (lykas De CSientrale As), ferskillen yn wetterpeilen en hurde kadens. Wye meitsje de ferbining sterker troch ekstra natuer oan te lizzen, sadat der by de ferbining foldwaande 'stapstiennen ' binne. In stapstien is in gebiet dat grut genôch is foar bisten om tydlik te ferbliuwen, te rêsten of sels langer te bliuwen. Wye helje de obstakels fuort troch faunapassaazjes by diken en wetter oan te lizzen. Tink bygelyks oan brêgen, faunabuizen en loopplankengongbarten.

Yn útfiering

It Nijdjip: Mear romte foar natuer, bisten en wetter 

It Nijdjip is in wetterferbining tusken Natura -2000-gebieten de Grutte Wielen en de Alde Feanen. Oer in lingte fan fiif kilometer hawwe wy de natuer ferbettere, troch moeras en natuerfreonlike wâlen oan te lizzen. In natuerfreonlike wâl is in sône mei ûndjip wetter dêr't wetterplanten goed yn groeie kinne en fisken skûlje en aaie ridzje kinne.

It súdlike part fan it trajekt makket diel út fan de Fryske Boezem, it oaniensletten stelsel fan kanalen en marren yn Fryslân. Lâns dat súdlike part hat Wetterskip Fryslân de wetterkearingen op hichte brocht. HjiDêrtroch is it njonkenlizzende lânbougebiet yn de takomst better beskerme by heech wetter.

It projekt is in gearwurking fan provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân en is finansjeel mooglik makke troch it Europeeske Lânboufûns foar plattelânsûntwikkeling (ELFPO). Yn 2025 gongen slute wey de lêste wurksumheden ôf. IMG-1369 Europeesk Lânboufûns foar plattelânsûntwikkeling: Europa ynvestearret yn syn plattelân.

Een weiland waar twee sloten parallel lopen en op de voorgrond een hek.
Eu-vlag: blauwe achtergrond met 12 gele sterren
Europeesk Lânboufûns foar plattelânsûntwikkeling: Europa ynvestearret yn syn plattelân
Logo Wetterskip Fryslân

Garyp: Kuierpaden yn âlde eare werombringewerstelle

Doarpsbewenners, gemeente en partikulieren sjogge graach dat de kuierpaden yn it gebiet ferbettere en útwreide wurde om mear fan it lânskip en de natuer genietsje te kinnen. Dêrom lizze wy twa nije kuierpaden oan mei in lingte fan totaal mei-inoar goed 3500 meter. By oplevering wurde de paden oerdroegen yn eigendom, behear en ûnderhâld nei de gemeente Tytsjerksteradiel. It giet om: 

1. In kuierpaad fan 1350 meter tusken de Inialoane en Westerein. Dit ûnferhurde learzepaad is 6.5 meter breed en rint fia de Miensker lâns de haadwettergongen fan Wetterskip Fryslân, tusken de Inialoane en Mounehoeke. 

2. In ûnferhurde kuierpaad fan 2170 meter tusken de Gravinneloane, de Easterein en de Stinswei. It paad rint fia boskstripen oken fan Steatsboskbehear.

Takomstige projekten 

De Lits: in bettere ferbining foar minske en bist 

Een weiland waar koeien grazen en een sloot met overhangende boom.

Rivier de Lits rint tusken de Burgumer Mar en de LeijenLeien. Wy wolle de ferbining tusken dyizze natuergebieten fersterkje. Troch de bebouwing by de brêge yn de Sumarderwei is it foar bisten dreech om de dyk te passearjen. Dêrom komt der in passaazje foar bisten, njonken it gebiet en ûnder de dyk troch. Ek ferheegje wye it wetterpeil yn it gebiet. Sa ûntstiet der nije sompenatuer. Dêrneist wolle wye in kuierpaad oanlizze, wêrtroch't in kuierferbining ûntstiet fan De LeijenLeien ôf nei Sumar ta. It is noch net bekend wannear't de wurksumheden úteinsette.

It plan is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Tytsjerksteradiel, Stichting Rom Paad, maatskip Atsma fan Eastermar en Steatsboskbehear.

Goddeleaze Singel: natuer tusken Houtwiel-Falom en de Burgumer Mar - de LeijenLeien

De Goddeleaze Singel is in wichtich ferbliuwplak foar bisten lykas de otter. It gebiet leit tusken de Houtwiel-Falom en de Burgumer Mar - de LeijenLeien. Ek hjidêr fersterkje wy de natuerferbining. Foar in grut part is dait al klear. Wy hawwe it wetterpeil ferhege sadat it gebiet wieter wurdt en der sompenatuer ûntstiet. Der is in faunapassaazje kaam dêr't De CeSintrale As it wetter krúst. Ek hawwe wye op ferskate plakken rasters stekken pleatst om bisten feilich te lieden. 

It súdlike part fan de Goddeleaze Singel rint lâns de spoarweiit spoar by Kûkherne en slút oan op de Nije Feart (Swimmer). Ek hjidêr sille wy it gebiet wieter meitsje. Wy meitsje tûk gebrûk fan alle lytse perselen en sleatten yn 'e omkriten. Sa kinne wy mei lytse yngrepen in grut effekt helje. De grûn dy't nedich is, binne is noch net allegearre ferwurvenyn ús besit. It is noch net bekend wannear't de lêste wurksumheden úteinsette.

Fonejachtbrêge: in alternative rûte foar bisten 

Bisten dy't har ferpleatse tusken de Grutte Wielen en de Alde Feanen komme faak lâns de Fonejachtbrêge. Dyizze brêge en de hurde kaden binne foar de bisten in gefaarlike oerstek. Dêrom wolle wy yn de earmsholte fan it Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal in alternative rûte oanlizze. Dêrfoar rjochtsje wy in sompegebiet yn en meitsje wy in tal plakken dêr't bisten maklik yn en út it kanaal komme kinne. Wy slute dait gebiet oan op de passaazje ûnder de Wâldwei fierderop yn it westen. Om mei dit wurk begjinnestarte te kinnen, is it earst nedich om grûn oer te keapjen. It is noch net bekend wannear't wy starteúteinsette.

Prinses Margrietkanaal Burgum: in feiliger plak foar bisten

Foar bisten dy't har ferpleatse tusken de Alde Feanen en de Burgumermar-LeijenLeien, is it Prinses Margrietkanaal op 'e hichte fan Burgum in gefaarlik plak. Troch de lingte fan it kanaal en de hurde kaden kinne bisten net maklik út it wetter komme en dêrtroch wurch reitsje of sels ferdrinke. Dêrom wolle wy op ferskate plakken lâns it kanaal yn- en útstapplakken meitsje. Daarom willen we op verschillende plekken langs het kanaal in - en uittreed plekken maken. Ek wolle wy natuerfreonlike wâlskanten oanlizze en beplanting oanbringe tusken de bebouwing. Sa is der genôch romte foar bisten om út te rêsten en te skûljen. 

Der komt in soad sjen by dizze maatregels hiel wat oan te pas, om't de bedriuwen lâns it kanaal lade en losse kinne moatte. It kanaal wurdt drok befearn troch grutte skippen, wêrtroch't der strange easken binne foar de wâlbeskerming. It is noch net bekend wannear't de wurksumheden úteinsette.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling De Centrale As? Dan kinne jo it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.