Gastles oer gebrûk fan diergenêsmiddels
Op 28 jannewaris 2026 hawwe twa kollega's fan it Wetterskip in gastles jûn op Aeres oan MBO-studinten fan de oplieding paravetinair (biste-artsassistinten).
De gastles gie oer it brûken fan diergenêsmiddels en de effekten dêrfan op it miljeu / wetterlibben. Der is ek ferteld oer it wurk fan de Waterschappen en dat sy diergenêsmiddels oantreffe yn it oerflakte-en rioelwetter.
Der binne praktyske tips dield oer wat húsdierbaaskes en bistedokterassistinten dwaan kinne om it wetter minder mei dizze stoffen te belêsten. De studinten hawwe sels wurke oan kreative oplossings om dizze problematyk oan te pakken.
De studinten joegen de minsken fan it Wetterskip ûnder oare mei dat der noch in soad te winnen is mei it ferminderjen fan it previntyf behanneljen fan bisten. In oar idee: lit de fabrikanten oan de slach om mear miljeufreonlike alternativen te ûntwikkeljen foar in flo-frij libben fan hûnen en katten.