It doel fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) is om finansierings te jaan foar projekten dy’t rjochte binne op it besparjen fan enerzjy en/of op in duorsume enerzjyproduksje. Tink bygelyks oan ierdwaarmte, sinne-enerzjy, isolaasje fan wennings of elektrysk ferfier.

Goede saaklike plannen binne wolkom by it FSFE

Ein 2014 hat de provinsje € 90 miljoen beskikber steld oan it fûns om Fryslân sa duorsum mooglik te meitsjen. Op dit stuit is sawat de helte fan it fûns stutsen yn mear as 40 projekten. De kommende jierren wol it FSFE sa’n 20 nije projekten it jier finansiere. Dat in goed saaklik plan dat oanwiisber foar minder broeikasgassen soarget is tige wolkom by it FSFE. By it FSFE wurkje spesjalisten dy’t traind binne om sokke business plannen te beoardieljen. As jo noch net hielendal klear binne mei it plan, kin it FSFE team jo licht noch wat op wei helpe.

Hichte fan de finansierings

It FSFE jout finansierings sa as bygelyks lienings, garânsjes of oandielekapitaal mei in minimum fan € 25.000 en in maksimum fan € 15 miljoen it projekt. It FSFE jout gjin subsydzje,  it fûns jout allinnich merkkonforme finansierings.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje, foarbylden fan eardere lienings en finansierings, wêr’t jo projekt oan foldwaan moat en kontaktgegevens kinne jo fine op it webstek fan it FSFE(eksterne keppeling)