Fryslân krijt 2 miljoen euro foar fersnelling oanpak fundearringsproblemen
De provinsje Fryslân krijt 2 miljoen euro fan it Ryk om de oanpak fan fundearringsproblemen fierder te ûntwikkeljen en te ferhastigjen. Mei dit jild sille oerheden, ynwenners en oare belutsen partijen de kommende twa jier mei-inoar oan de slach. Se ûndersykje hokker maatregels it meast effektyf binne om fundearringsskea oan te pakken en yn de takomst foar te kommen.
Fryslân wurket al jierren gear mei Wetterskip Fryslân en de acht feangreidegemeenten oan de fundearringsproblematyk yn it Fryske feangreidegebiet. Troch dizze aktive rol hat de provinsje in lanlike koplopersposysje opboud en oansluting op de Nationale Aanpak Funderingsproblematiek (NAF). It Ryk sjocht ûnder oare de Fryske oanpak as foarbyld foar oare regio's en hat Fryslân dêrom oanwiisd as ien fan de seis lanlike pilotgebieten.
“Dizze ryksbydrage is in wichtige erkenning fan de rol dy’t Fryslân docht by de oanpak fan fundearringsproblematyk. Mei ús partners sille wy de kommende jierren leare, teste en ferbetterje, sadat wy ynwenners better helpe kinne en takomstige skea safolle mooglik foarkomme kinne”, seit deputearre Friso Douwstra.
Tanimmend risiko op fundearringsskea
Yn it Fryske feangreidegebiet rinne troch boaiemdelgong en legere grûnwetterstannen tûzenen wenningeigeners risiko op fundearringsproblemen. Troch boaiemdelgong kinne fundearringen fersakje. Bewenners fernimme dit faak oan skuorren yn muorren, fersakke flierren of ruten en doarren dy't dreech slute. De gefolgen kinne grut wêze, sawol foar it wenkomfort as finansjeel. Werstel fan fundearringsskea bringt faak hege kosten mei him mei. Om wenningeigeners te stypjen hawwe provinsje en wetterskip op dit stuit binnen it Feangreidegebiet twa subsydzjeregelingen foar fundearringsûndersyk en -herstel wêrmei't in part fan de kosten fergoede wurdt. Dêrneist is der it Funderingsloket Fryslân, dêr't bewenners ynformaasje en help krije kinne.
Wetterskipsbestjoerder Remco van Maurik: “Funderingsproblematiek vraagt om een gezamenlijke aanpak. Waterbeheer speelt daarbij een belangrijke rol, maar oplossingen ontstaan alleen als overheden, bewoners en andere partijen samen optrekken. Deze pilot geeft ons de mogelijkheid om te leren wat werkt en die kennis vervolgens breder toe te passen.”
Leare wat wurket
De bydrage fan it Ryk is mei klam net bedoeld foar fundearringsûndersiken of it werstellen fan fundearringen. It jild wurdt ynset om te ûndersykjen hokker oanpak it meast effektyf is om mei bewenners, oerheden, finansjele ynstellingen en oare belutsen partijen ta oplossings te kommen. It beheint him net ta oplossingen binnen it Feangreidegebiet, mar ek foar dêrbûten. It úteinlike doel is om mei it Ryk en de oare pilotgebieten yn Nederlân te kommen ta in brûkbere blaudruk foar de oanpak fan fundearringsskea en it foarkommen fan nije skea. Dêrby jildt dat der gjin garânsje is dat binnen twa jier alle antwurden of oplossingen beskikber binne. De pilot is benammen bedoeld om kennis te ferdjipjen en ûnderfinings te sammeljen.
Fiif dielpilots
Yn Fryslân wurdt it jild ynset foar fiif dielpilots.Dy rjochtsje har op fraachstikken dy't fuortkomme út ûnderfining mei de hjoeddeistige fundearringsoanpak. Undersocht wurdt ûnder oare hoe takomstbestindich besteande heechwettersirkwys binne, dy't houten fundearrings beskermje tsjin drûchstân. Ek wurdt sjoen nei de wurking fan it Funderingsloket, de gearwurking tusken oerheden en de gegevens dy't nedich binne om de fundearringsproblematyk goed yn kaart te bringen. Dêrneist is der omtinken foar ferduorsuming yn gebieten mei fundearringsproblemen, bygelyks by mingd eigendom fan wenten, en foar lessen út eardere maatskiplike opjeften lykas de boaiemsanearringsoperaasje út de jierren '90. As lêste wurdt aktyf kennis útwiksele mei de oare pilotgebieten yn Nederlân (Emmen, Rivierenland, Rotterdam, Dordrecht en Zaanstad), sadat regio’s fan elkoar leare kinne en suksesfolle wurkwizen breder tapast wurde kinne.