Fryslân hellet doelstelling nije bosk royaal

Fryslân hat in wichtige mylpeal berikt yn ‘e útfiering fan de Fryske Beamme- en Boskestrategy. Mei de oanlis fan mear as 250 bunder nij bosk yn it Natuur Netwerk Nederland (NNN) is de oarspronklike doelstelling út de Fryske Beamme- en Boskestrategy fan 223 bunder nij bosk al royaal helle.

Dat resultaat is mooglik makke troch de ynset fan grûneigeners, terreinbehearders en oerheden. Dêrnjonken wurket de provinsje mei ûnderskate subsydzjeregelingen oan it fierder fuortsterkjen fan beammen, bosk en lânskip yn Fryslân, sawol yn as bûten it Natuur Netwerk Nederland.

“Mei mear as 250 bunder nij bosk litte wy sjen dat de Friese Bomen- en Bossenstrategie net allinne plannen op papier opleveret, mar ek sichtber resultaat yn it lânskip. Dêr meie wy grutsk op wêze. Tagelyk wurkje wy troch oan nije bosken, sterke lânskipseleminten en mear bioferskaat yn hiel Fryslân”, sa seit deputearre Matthijs de Vries.

Ynvestearje yn beammen, bosk en lânskip

Foar de útfiering fan maatregels op it mêd fan beammen en bosk is út it Maatregelpakket Lanlik Gebiet €15,8 miljoen beskikber. Mei dy middels stipet de provinsje ûnder oare:

  • de oanlis en revitalisearring fan bosk;

  • it opknappen en fuortsterkjen fan houtige lânskipseleminten;

  • agroforestry;

  • itensbosken.

De subsydzjeregelingen binne fan ‘e maitiid iepensteld.

Wurkje oan in sterker Fryslân

Mei dy maatregels wurdt oan meardere doelen tagelyk wurke. Beammen en bosken drage by oan in oantreklik lânskip, slane CO₂ op en fersterkje it bioferskaat fuort. Dêrnjonken leverje sy in bydrage oan natuerferbettering en it ferminderjen fan de gefolgen fan stikstof.

Ferwachte wurdt dat mei it beskikbere budzjet likernôch 20 prosint fan de folsleine opjefte út de Friese Bomen- en Bossenstrategie realisearre wurde kin. De doelstelling foar nij bosk yn it Natuur Netwerk Nederland is wilens al royaal helle.

Subsydzjes noch beskikber

Boeren, partikulieren, stichtingen, ferienings, gemeenten, terreinbehearende organisaasjes en Wetterskip Fryslân kinne gebrûk meitsje fan ferskate subsydzjeregelingen foar beammen, bosk en lânskip. Dêrmei wol de provinsje yn ‘e mande mei ynwenners en organisaasjes fierder bouwe oan in grien en takomstbestindich Fryslân.