Fryske sporten
Foar it organisearjen fan in Fryske sport lykas keatsen, fierljeppen, skûtsjesilen, damjen Frysk spul of de Fryske hynstesport kin subsydzje oanfrege wurde fan 2 jannewaris oant en mei 30 oktober 2026.
De provinsje hopet mei dizze subsydzjeregeling te berikken dat mear minsken dielnimme sille oan Fryske sporten.
It subsydzjeplafond is € 110.000.
Subsydzjdiabele aktiviteiten
Subsydzje kin frege wurde foar in sportevenemint op it mêd fan de Fryske sporten.
Hichte fan it subsydzje
It subsydzje is op syn meast 35% fan de kosten dy’t subsidiearre wurde kinne, mei in maksimum fan € 5.000. As de aktiviteit op syn minst 6 dagen duorret, ferspraat oer in perioade fan maksimaal 14 dagen efterinoar, dan bedraacht de hichte fan de subsydzje maksimaal 35% mei in maksimum fan € 15.000,-
Oanfraach yntsjinje
Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje foa ûnersteande knop.
Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes);
- Projektplan;
- Begrutting, sjoch format;
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge).
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.