Foort van Oosten waarnimmend boargemaster fan Ljouwert
Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat moandei op it provinsjehûs yn Ljouwert mr. F. van Oosten beëdige as waarnimmend boargemaster fan de gemeente Ljouwert. Foort van Oosten is de tydlik opfolger fan boargemaster Sybrand van Haersma Buma, dy’t hjoed ôfskied nimt en woansdei begjint as vice-foarsitter fan de Raad van State. Van Oosten begjint woansdei en bliuwt oan ta de beneaming fan in nije Kroanbeneamde boargemaster. Dy beneaming fynt nei ferwachting foar de simmer fan 2027 plak.
Yn goed oerlis mei de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried fan Ljouwert is Van Oosten (1977) beneamd. De foarkar fan de ried gie út nei in waarnimmer mei ûnderfining as boargemaster yn stedsk gebiet, in stevich bestjoerlik netwurk yn De Haach en ferbinend fermogen. Van Oosten foldocht oan al dizze saken en dêrmei binne kommissaris fan de Kening Brok en de fertrouwenskommisje derfan oertsjûge dat sy de best mooglike kandidaat fûn hawwe.
Van Oosten (1977) wie fan 5 septimber 2025 oant 23 febrewaris 2026 minister fan Justysje en Feiligens yn it demisjonêre kabinet Schoof. Earder wie hy boargemaster fan de gemeente Nissewaard (2019 - 2025), Twadde Keamerlid (2012 - 2019, VVD) en wethâlder fan Schiedam (2011 - 2012). As Twadde Keamerlid wie hy û.o. foarsitter fan de Fêste Keamerkommisje foar Europeeske Saken. Van Oosten is fan hûs út jurist en wie wurksum as advokaat by in advokatekantoar yn Rotterdam en it ministearje fan Bûtenlânske Saken. Hy is troud en hat in soan.
Kommissaris fan de Kening Brok en de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried fan Ljouwert hawwe ôfpraat dat der in waarnimmer komme soe oant de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. De ried giet no oan de slach mei in profylskets foar in nije Kroanbeneamde boargemaster. De proseduere set útein neidat de ried de profylskets fêststeld hat. Yn goed mienskiplik oerlis is oerienkommen dat de waarnimmer net meidwaan sil oan de proseduere om te kommen ta in Kroanbeneamde boargemaster.