Foar opknappen monuminten yn 2026 gâns mear mooglikheden foar subsydzje

De provinsje Fryslân stelt fan ‘t jier €3.420.200,- beskikber foar it opknappen en werbestimming fan boude en griene monuminten, dy't troch it ryk of gemeente oanwiisd binne. De totale subsydzje is hast €800.000,- mear as ferline jier. Ek binne der fjouwer belangrike ferrommingen yn de regeling. Eigeners fan monuminten kinne in oanfraach yntsjinje fan 14 oant en mei 18 septimber 2026. 

Dit binne de fjouwer wichtichste ferrommingen yn de subsydzjeregeling foar monuminten: 

  1. Mear mooglikheden foar grutte restauraasjes; de subsydzje foar restauraasje fan ryksmonuminten giet fan maksimaal €250.000,- nei €500.000,-; 
  2. Mear mooglikheden foar lytse restauraasjes: der binne no mear mooglikheden foar it restaurearjen fan lytsere ûnderdielen fan monuminten; 
  3. Dêrneist is de regeling foar de restauraasje fan gemeentlike monuminten leechdrompelich wurden. Dy hat in maksimum fan €25.000,-;
  4. Ek is der in leechdrompelige regeling foar restauraasje fan dakken of it opknappen fan de tradisjonele dakbedekking fan pleatsen mei in status fan ryks- of gemeentlik monumint, mei in maksimum fan €25.000,-. 

Deputearre Eke Folkerts: “Monuminten spylje in grutte rol yn it ferhaal fan Fryslân en binne in part fan ús identiteit. De ferhalen oer de monuminten wolle wy yn libben hâlde, sjen litte en diele. Mei dizze oanpassings tinke wy noch better projekten stypje te kinnen dy’t monuminten by de tiid hâlde.” 

Mei de ferromming yn it budzjet wurdt foldien oan de ynspanningsferplichting dy't provinsjes mei it Ryk ôfpraat hawwe. 

Oanfreegje

De subsydzje is yn 2026 oan te freegjen foar trije ûnderdielen en soarten monuminten, nammentlik: 

  1. Restauraasje en werbestimming fan boude en griene ryksmonuminten (ek dielrestauraasjes en dakken fan pleatsen); 
  2. Restauraasje en werbestimming fan boude en griene gemeentlike monuminten (ek dielrestauraasjes en dakken fan pleatsen); 
  3. Underhâld fan ryksmonumintale mûnen.

Hoefolle subsydzje is de kategory beskikber? 

1Restauraasje en werbestimming boude en griene Ryksmonuminten € 3.020.000
2Restauraasje en werbestimming fan in gemeentlik monumint €    250.000
3Underhâld ryksmonumintale mûnen €    150.000
 Totaal€ 3.420.200

By de oanfraach fan de subsydzje binne oanfoljende stikken nedich. It is dêrom wiis om tiid te reservearjen en dat foar it yntsjinjen fan 14 oant en mei 18 septimber 2026 te regeljen. 

Op ús webside www.fryslan.frl/monumenten fine jo mear ynformaasje. Fan mids juny ôf pleatse wy dêr ek de oanfraachformulieren.