Flinke stimulâns foar beammen en bosk yn Fryslân
Fan 6 april oant begjin novimber 2026 stelt Provinsje Fryslân seis subsydzjeregelingen iepen foar de oanlis en it werstel fan bosk, houtige lânskipseleminten, agroforestry en itensbosken yn Fryslân. Dêr is €12,9 miljoen foar beskikber. De maatregels binne ûnderdiel fan de Friese Bomen- en Bossenstrategie en binne foar projekten binnen én bûten it Natuur Netwerk Nederland (NNN). De subsydzjes binne breed tagonklik: ek partikulieren, gemeenten, Wetterskip Fryslân, stichtingen en ferieningen kinne in oanfraach dwaan.
Deputearre Matthijs de Vries: “Mei dizze regelingen jouwe wy yn doelfêste ympuls oan bosk en lânskip, krekt ek bûten de bewende paden fan it NNN. Wy ynvestearje hjoed, sadat folgjende generaasjes wenjen bliuwe kinne, wurkje en genietsje yn in griener Fryslân.”
Mear mooglikheden foar grûneigeners
De regelingen binne rjochte op it oanlizzen en werstellen fan bosk en houtige lânskipseleminten, lykas singels, beammerigen, houtwâlen en hagen. Ek de oanlis fan itensbosken en agroforestry komme yn oanmerking. Troch de regelingen breder iepen te stellen, kinne mear grûneigeners bydrage oan in sterker lânskip, mear bioferskaat en ekstra CO₂-opslach.
Oanfragen en útfiering
Oanfregers kinne harren ynskriuwe foar ien of meardere regelingen. De provinsje wol it beskikbere ryksjild foar it lanlik gebiet sa goed en op'e tiid mooglik ynsette. De regelingen binne yn oerlis mei gemeenten, Wetterskip Fryslân en terreinbehearende organisaasjes taret.
De oanplant fan beammen moat uterlik 31 desimber 2028 ôfrûne wêze. De iepenstellings-perioade hâldt rekken mei it plantseizoen, sadat oanfregers genôch tiid hawwe om plannen út te fieren.
Foar wa?
De regelingen binne bedoeld foar agrariërs, partikuliere grûneigeners, gemeenten, Wetterskip Fryslân, stichtingen, ferienings en terreinbehearende organisaasjes (TBO ’s). Net alles is foar elkenien beskikber. Foar agrariërs binne de subsydzjeregelingen nij bosk en refitalisearring bosk bûten NNN en de regeling foar agroforestry beskikber. Foar agraryske ûndernimmers binne nammentlik foar in part ek oare regelingen beskikber, lykas foar de oanlis fan houtige lânskipseleminten, fia it Gemeenschappelijk Landbouw Beleid (GLB) of it agrarysk natuerbehear. Fan nij bosk en refitalisearring binnen NNN kinne allinnich TBO’s gebrûk meitsje.
Stân fan saken binnen NNN
De grutste opjefte leit noch by it werstel fan bosk, sawol binnen as bûten NNN.
De doelstelling foar oanlis fan nij bosk binnen NNN is ûnderwilens behelle (223 ha). Yn 2025 is úteinset mei it werstel fan 140 bunder bosk yn de Duurswouderheide troch Steatsboskbehear (binnen NNN). Troch de regeling hjirfoar op ‘e nij iepen te stellen, hopet de provinsje de doelstelling fan refitalisearring fan bosk foar ein 2028 realisearje te kinnen.
Bredere ynset út de mienskip wei bûten NNN
Ut de gearwurking mei gemeenten en Wetterskip Fryslân en út de mienskip wei is der belangstelling toand foar de regelingen foar realisaasje fan bosk, houtige lânskipseleminten en itensbosken (bûten NNN). Ek fanút partikulieren hat de provinsje inisjativen krigen, dy't yn oanmerking komme kinne foar subsydzje. Foarhinne wie der foar dizze groepen gjin subsydzje beskikber.
Mei-inoar ferwachtsje wy de maatregels út it Maatregelpakket Lanlik gebiet, ûnderdiel Beammen en Bosk, binnen de stelde termyn oant ein 2028 útfiere te kinnen.
Mei de 6 regelingen draacht de provinsje by oan it ferminderjen fan stikstofdruk en it fersterkjen fan de natuer. De earste regelingen kinne fan 6 april ôf oanfrege wurde fia it subsydzjeloket op de webside fan de provinsje.