Fjirtjin adviseurs mobiliteit oplaat

Fjirtjin dielnimmers hawwe it opliedingsprogramma Slimme en Groene Mobiliteit Noord ôfrûne. Op 10 april 2026 krigen hja harren sertifikaat by it ôfsluten fan it programma yn it provinsjehûs yn Grins. Dêrmei kinne sy oan de slach as adviseur tûke mobiliteit.

Dielnimmers wiene mei freonen en famylje oanwêzich en fertelden hoe't sy it trajekt ûnderfûn hawwe en wat it harren brocht hat.

Leare en wurkûnderfining opdwaan 

It opliedingsprogramma kombinearret learen en wurkjen. Yn de earste moannen folgen de teamleden in yntinsyf lesprogramma dêr't tema’s as basisferkearskunde, digitalisearring, gedrachsferoaring, hubs en dielmobiliteit yn oan bod kamen. Yn it twadde part pasten sy dy kennis ta yn de praktyk, troch oan de slach te gean by ferskate organisaasjes en bedriuwen yn de regio. Se diene wurkûnderfining op ûnder begelieding fan betûfte professionals.

Fan omskoalling nei in baan 

It programma is bedoeld foar minsken dy't noch net yn de mobiliteitssektor wurkje, mar dat wol wolle. Sy krije de kâns om harren om te skoallen en wurkûnderfining op te dwaan.

Dit wie de tredde edysje fan it opliedingsprogramma yn Noard-Nederlân. Nei it programma kinne dielnimmers oan de slach by in advys - of yngenieursburo, in gemeente of provinsje yn it fakgebiet mobiliteit.

Foar dielnimmer Marilèn Lukkien hat it opliedingsprogramma laat ta in konkrete baan: “Dankzij het opleidingsprogramma heb ik de stap kunnen maken naar een baan als adviseur verkeer bij het ingenieursbureau Antea Group. Het programma heeft mij daarvoor meer dan voldoende basiskennis gegeven. Ook heb ik een waardevol netwerk opgebouwd, met mededeelnemers bij wie ik terecht kan met vragen en om ervaringen te delen, en met opleiders met veel ervaring in het werkveld.”

Wêrom dit programma 

Mobiliteit feroaret fluch troch nije foarmen fan ferfier en digitale techniken. By tûke en griene mobiliteit draait it om dizze ûntjouwingen, sadat ynwenners gau, skjin en feilich reizgje kinne. Yn dit groeiende fakgebiet is dêrom no en yn de kommende jierren ferlet fan motivearre meiwurkers mei aktuele kennis, sawol by de oerheid as yn it bedriuwslibben. It programma helpt om dizze nije professionals op te lieden.

Programmakoördinator Erik Wegh beklammet it belang fan in nije lichting adviseurs: Dit derde programma in Noord-Nederland bracht wederom nieuwe adviseurs voort, die met hun eigen achtergrond de mobiliteitswereld in zijn gevlogen en de nodige vernieuwing en benadering meebrengen. We leven namelijk niet in een tijdperk van veranderingen, maar in een verandering van tijdperk. Dat geldt zeker ook voor mobiliteitsoplossingen. Andere percepties op de maatschappij worden steeds belangrijker en de inbreng en competenties van ervaren en gemotiveerde zij-instromers steeds waardevoller.”

Gearwurking 

Slimme en Groene Mobiliteit Noord is in inisjatyf fan de provinsjes Grinslân en Fryslân, tegearre mei it UWV en Werk in Zicht.