Fêststellingfersyk dwaan
By inisjativen dy't mear as € 25.000 subsydzje fan de provinsje krigen hawwe of wêrby't spesifyk yn de beskikkingsbrief opnaam stiet dat in projekt fêststeld wurde moat troch in fêststellingsfersyk is it wichtich om in tal saken by de provinsje oan te leverjen. Op dizze side lêze jo wat jo dêrfoar nedich hawwe en hoe't jo dat dogge.
Wêrom moat ik in fêststellingsfersyk dwaan?
De provinsje freget dêrby ekstra ynformaasje op oer de realisaasje fan jo projekt. Dit dogge wy omdat wy graach in goed byld hawwe wolle oer hoe't it belestingjild útjûn is. Dêrneist hat by de beskikking 80% fan it taseine subsydzjebedrach krigen. Troch it dwaan fan it fêststellingsfersyk krije jo de oare 20% útkeard. Dat bedrach is leger as jo projektkosten leger útfallen binne as yn jo begrutting by ús oanjûn.
Wat leverje jo oan by jo fersyk ta fêststelling?
By jo fersyk om de subsydzje fêst te stellen krije jo yn alle gefallen in aktiviteiteferslach oan. Yn guon gefallen moatte jo dêrneist ek in ferklearring oangeande werklike útjeften en ynkomsten meistjoere. Yn jo beskikkingbrief stiet hokker dokuminten foar jo subsydzje fan tapassing binne. Binne jo it brief kwyt? Dan kinne jo dizze opfreegje troch te mailen nei imf@fryslan.frl.
Aktiviteiteferslach
Yn it aktiviteiteferslach beskriuwe jo de aktiviteiten dy't jo útfierd hawwe. Fermeld dêrby yn alle gefallen: • hokker aktiviteiten ferrjochte binne;
- de startdatum fan de aktiviteiten;
- de eindatum fan de aktiviteiten;
- foto's of oar bewiismateriaal dêr’t út bliken docht dat de aktiviteiten útfierd binne, lykas in link nei in website, folders, publikaasjes of oar kommunikaasjemateriaal;
- eventuele ôfwikingen oangeande de oarspronklike oanfraach, ynklusyf in taljochting dêr’t dêr't dat fan ôfwykt is.
Dit ferslach meie jo opstjoere nei imf@fryslan.frl
Ferklearring oangeande werklike útjeften en ynkomsten
Moatte jo neffens jo beskikkingsbrief ek in ferklearring oangeande werklike útjeften en ynkomsten oanleverje? Soargje der dan foar dat dizze ferklearring deselde opset hat as de begrutting dy't jo by de subsydzje-oanfraach yntsjinne hawwe. As jo dizze net mear hawwe kinne jo dy ek by ús opfreegje fia imf@fryslan.frl.
Yn dit oersjoch nimme jo op:
- de werklike útjeften;
- de werklike ynkomsten;
- in taljochting op de opnommen bedraggen.
Hawwe jo dêr noch oare fragen oer? Dan kinne jo altyd kontakt opnimme mei jo projektadviseur.
Ferjitte jo net jo projekt ek oan te melden op de provinsjale projektekaart?