Ferleging dyknoarm Waadeilannen net ferantwurde
Op tiisdei 27 jannewaris 2025 hat minister Tieman (Ynfrastruktuer & Wettersteat) in brief nei de Twadde Keamer stjoerd oer ûnderwerpen binnen it wetterfeilichheidsdomein. Hjiryn is ûnder mear it oanpassen fan de noarmering fan in tal dyktrajekten opnommen.
Foar de Waadeilannen hat it ferleegjen fan de dyknoarmering en it ferheegjen fan de evakuaasjefraksje grutte gefolgen wannear't der in oerstreaming troch in ekstreme stoarm plakfynt. Ynwenners en toeristen wurde konfrontearre mei de isolearre lizzing fan de eilannen. It ferleegjen fan de noarm fan ien kear yn de 1000 jier nei ien kear yn de 300 oant sels plakken fan ien kear yn de 100 jier en it ferheegjen fan de evakuaasjefraksje freget no soarchfâldigens. Feiligens fan ynwenners en toeristen moatte dêryn foarop stean.
De regio (Waadeilannen, provinsjes Fryslân en Noord-Holland, Wetterskip Fryslân, Hoogheemraadschap Holland Noorderkwartier) hawwe in position paper en factsheet nei de Twadde Keamer stjoerd.

Foto: veerdam Ameland (Albert-Jan Zijlstra)