Ferduorsumjen sûnder soargen: it Fryske ûntsoarchingsprogramma foar MKB en bedriuweterreinen
Bisto ûndernimmer yn Fryslân en wolst wurk meitsje fan ferduorsuming? Goed nijs: je steane der net allinnich foar. Tanksij beskikber stelde Ryksmiddels (fia de Spesifike Uikearing Bedriuwsmjittich fêstgoed) is der no in mearjierrich ûntsoarchingsprogramma yn Fryslân spesifyk foar it Fryske mikro-en lytsbedriuw én in ferduorsuming foar de bedriuweterreinen.
Persoanlik advys fia Ynbusiness
Us Fryske ûndernimmersloket Ynbusiness stiet klear mei ûnôfhinklik en fergees advys, praktyske stipe en begelieding op maat. Tegearre sjogge wy nei dyn kânsen en útdagingen, en helpe wy dy by it opstellen fan in konkreet ferduorsumingsplan. Oft je no in bakkerij runt, in ynstallaasjebedriuw hawwe of aktyf binne op in bedriuweterrein: we tinke mei je mei.
Finansjele stipe fia de Fryske advysvoucherregeling
Wolst eksterne ekspertize ynskeakelje om te ferduorsumjen? Meitsje dan gebrûk fan de Advysvoucherregeling Fryslân 2025–2027. Dêrmei kinne je oant 50% fan de kosten fergoede krije foar advys op it mêd fan:
- Enerzjy en klimaat
- Sirkulêre bedriuwsfiering
- Bioferskaat en wetterbehear
- Kollektyf ferduorsuming op bedriuweterreinen
De subsydzjeregeling is leechdrompelich en spesjaal ûntwurpen foar Fryske ûndernimmers en mienskiplike duorsume inisjativen op de Fryske bedriuweterreinen.
Tegearre meitsje wy Fryslân duorsum
Ferduorsuming is net allinnich goed foar it miljeu - it fersterket dyn konkurrinsjeposysje, ferleget dy (enerzjy)kosten en fergruttet dy oantrekkingskrêft as griene wurkjouwer. Dus nim hjoed noch kontakt op mei it Fryske ûndernimmersloket Ynbusiness en ûntdek wat it ûntsoarchingsprogramma foar dyn ûndernimming betsjutte kin.