Ferduorsuming kostet miljarden, der is mear nedich as subsydzje
De stigende enerzjyprizen én de strangere miljeu-easken soargen derfoar dat se by Fryske doarpshuzen en oare sosjale moetingsplak yn de gaten krigen dat it heech tiid waard om te ferduorsumjen. Mar wa sil dat foar dy dwaan en wêr kletst oan foar de nedige finansiering? Theo Andreae fan Doarpswurk nimt dy koördinearjende rol graach op him, hy sjocht syn organisaasje as it 'oaljemantsje' fan de lytse kearnen.
Kinst koart beskriuwe wat de rol fan Doarpswurk is en wat DW foar moetingsplakken betsjutte kin?
“Doarpswurk bestiet al fyftich jier en hat in rike histoarje opboud yn de stipe fan doarpshuzen en doarpsferieningen. Soest Doarpswurk sjen kinne as it oaljemantsje foar dizze organisaasjes, omdat we de rûtes kenne om ta ferbetteringen te kommen. Yn de praktyk komt it der op del dat wy helpe by it binnenheljen fan de subsydzjes foar ferskate projekten. De huzen en ferieningen sjogge we as it sosjale goud fan de lytse kearnen yn Fryslân, en as we dy beskermje wolle sille we de pannen dêr't de minsken yn gearkomme ferduorsumje moatte. It is needsaaklik foar it miljeu, mei de ôfspraken dy't yn it Klimaatakkoart fan Parys steane, mar perfoarst ek om de enerzjykosten te drukken. Mei de hegere enerzjyprizen fan de ôfrûne jierren is it ûnûntkomber wurden om te ferduorsumjen..”
Fan KlimOp hawwe jim 2 opdrachten krigen om moetingsplakken te stypjen by de ferduorsuming. Kinst oanjaan wêr't jim stipe út bestie?
“Wy sjogge ússels as de regisseur foar de ferskate doarpshuzen, en as it op ferduorsuming oankomt hast al gau te krijen mei allerhanne Willie Wortels, mei techneutje A en techneutje B dy't allegear wat kinne. No twivelje ik net oan de kunde fan de techneuten, mar komt de help fan Doarpswurk wol fan pas by it ynplannen fan in duorsuming. Der komt in soad jild sjen by de totale ferduorsuming fan in pân, en dus moat dat yn fazen barre, omdat der gjin jild is om alles yn ien kear te dwaan. Mar de bestjoeren fan organisaasjes sitte faak mar in pear jier en fine it dreech om oer har eigen grêf hinne te regearjen; se moatte in ferduorsuming ynplanne dy't langer duorje sil as harren eigen sitioade. Dêr kinne wy helpe. Dêrneist binne wy de ferbiningssoffisier tusken de doarpshuzen en de ferskate ynstânsjes, dus de provinsje of it ryk en soargje wy derfoar dat de plannen klear binne foar de ferstrekking fan subsydzjes..”
Wêrom is ferduorsuming fan moetingsplakken sa wichtich?
“Omdat we dizze plakken takomstbestindich meitsje moatte, omdat we derfoar soargje moatte dat der yn de takomst sûne eksploitaasje plakfynt. Sa hawwe wy yn Fryslân 260 doarpshuzen en al dy huzen binne it eigendom fan de doarpen sels. De wyksintra yn de stêden binne eigendom fan de gemeente, en dus kinst dy foarstelle dat in doarpshûs in hiel oar plak ynnimt yn de mienskip; dêr sit in oare emoasje achter. Wat wolris fergetten wurdt is dat in sosjaal moetingsplak as in doarpshûs of buertsintrum in wichtige rol spylje kin yn it te liif gean fan de problemen yn de soarch. De kommende jierren wurdt der – mei troch de dûbelde fergrizing – in eksploazje ferwachte yn'e fraach nei soarch. Ynformele soarch sil by dat fraachstik in hieltyd gruttere rol spylje kinne om dizze fraach beäntwurdzje te kinnen. Dêrneist wurdt der ek in gigantyske taname ferwachte yn it tal minsken dat konfrontearre wurdt mei demintens. De reguliere soarch – sa is de ynskatting – kin al dy fraach net oan. Doarps - en buerthuzen kinne in wichtige rol hawwe dêr't it giet om it stypjen en fasilitearjen fan ynformele soarch. It giet dêrby net om de ynhâldlike spesjalistyske soarch, mar om de soarch foar en om elkoar. Neist it organisearjen en fasilitearjen dêrfan kin it dêrby ek in previntyf karakter hawwe. Mei dêrtroch sille soksoarte moetingsplakken – benammen yn plakken en doarpen dêr’t fierder gjin foarsjenningen binne – hieltyd wichtiger wurde.”
Hokker útdagingen/knyppunten sinjalearje jim?
“Ik sis it al jierren en sil it ek hjir dwaan: ik leau dat it heech tiid is foar in Fryske Enerzjy Lening, dus in leafst rintefrije liening foar maatskiplik fêstgoed-eigeners. Want ferduorsuming freget flinke ynvestearrings en je kinne de gatten net inkeld opfolje mei subsydzjes; dat is in projekt dat oer miljarden giet. Yn Grinslân, Drinte en yn oare provinsjes is der ek sa’n lienstelsel, dêr't men de ferduorsuming fan maatskiplik fêstgoed, dus tsjerken, musea, buerthuzen ensafuorthinne finansiere kin. Eigeners krije dan in bedrach oan jild en losse dat, ynklusyf in lege rinte ôf, wêrtroch't der ek wer jild by dat fûns binnenkomt om nije projekten te begjinnen. Dêrneist moatte wy ek net ferjitte dat de measte sosjale moetingsplak troch frijwilligers rund wurde en dat dy it somtiden dreech fine om de wei fan de ferduorsuming yn te slaan omdat der in soad jild mei muoid is; se wolle net dat de frijwilligers dy't oer in pear jier oan it roer sitte yn de problemen komme omdat der foarhinne in wei ynslein is. Ek is de rol fan de bestjoerder fan sa'n organisaasje faak diffuus: op papier hjit sa'nien in bestjoerder ', mar yn de praktyk stiet sa'nien op sneontejûn achter de bar bierkes te taapjen. Koartsein, dat binne net fuortendaliks minsken dy't in nije, waaide koers ynslaan. En ferjit ek net de effekten dy't corona op it frijwilligersbestân fan sosjale moetingsplak hân hat: der binne in soad minsken yn dy tiid fuortgien as frijwilliger, en dy binne neitiid net werom kaam. Wylst je dy minsken hurd nedich hawwe om't der wol it ien en oar by in ferduorsumeningsprojekt komt te sjen..”
It boargjen fan de kennis oer ferduorsuming is in wichtich ûnderdiel fan KlimOp. Hoe boarget DW dizze kennis?
“Op it foarste plak troch de duorsumensadviseurs dy't oan de projekten ferbûn binne út te nûgjen foar gearkomsten en der sa foar te soargjen dat de opdiene kennis dield wurdt. Dêrneist organisearje wy webinars en wikselje de federaasjes fan doarpshuzen ynformaasje út oer de ferduorsumingsprojekten. It wie ek net sa dat we foar KlimOp fan start gie neat oan ferduorsuming diene, mar it hat it flink stimulearre. En dat hoopje wy dwaan bliuwe te kinnen, al sil it op in leger pitsje komme te stean as KlimOp beëinige wurdt.”
Ferduorsuming is in proses dat de kommende desennia oandacht krije moat. Hokker rol kinne/wolle jim dêryn spylje?
“De doarpshuzen en moetingsplakken is ús core business en dat wolle wy graach sa hâlde. Wy hawwe no belutsen west by sa'n hûndert plakken, mar dy sil noch groeie. Leafst soe ik immen oannimme wolle dy't hjir full-time mei dwaande wêze kin. ”Kinst wat sizze oer de gearwurkingen binnen it KlimOp projekt?" “Ik ha wol mear ûnderfining yn it gearwurkjen mei de provinsje, mar ha it kontakt mei de KlimOp-organisaasje as tige posityf ûnderfûn: koarte linen en ik tink, nettsjinsteande dat de projekten fansels noch net hielendal ôfrûne binne, goede resulataten. It iennige wat ik yn'e takomst graach oars sjen soe, dat is de krúsbestowing tusken de oare belanghawwenden, dus it útwikseljen fan ynformaasje tusken ús en bygelyks de Monumintewacht of de tsjerken..”