Ferduorsuming fan tsjerken yn de praktyk
Wa't net hiel bekend is yn Grou en in ôfspraak yn in tsjerke hat, dy't kuieret nei it ferlitten fan de auto as fansels nei it ymposante tsjerkegebou oan de Tsjerkestrjitte: it is tritich meter heech, yn it besit fan in fikse toer en is omzoome troch in bloeiende, goed ûnderholden mei in smei-izeren stek deromhinne. Hjir sil it wol wêze.
Mar dizze trettjinde-iuwske Sint-Pitertsjerke is net de iennige tsjerke yn it Fryske doarp. Efkes fierderop, yn in winkelstrjitte neist de lokale bakker, sit nammentlik nóch ien. Net dat dy gau opfalt oars, want dizze Menistetsjerke is in saneamde skûltsjerke, in tsjerke dy't der eartiids, yn de tiid fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen, allinne wêze mocht as er net tefolle opfalle soe; it leauwe moast der yn betreklike anonimiteit beliden wurde. Ienkear binnendoar is it oars, mei in oargel, fraaie ruten en in griene loper yn it gongpaad hielendal in gewoane tsjerke.
De Menistetsjerke is ien fan de Fryske tsjerken dy't de ôfrûne jierren mei help fan KlimOp, it ferduorsumingsprogramma fan de provinsje Fryslân, waard ferduorsume. Yn totaal waarden der leafst 200 Fryske tsjerken fan advizen foarsjoen en 150 dêrfan waarden fersoarge troch de SBKG, de Stichting Beheer tsjerklike Gebouwen Noord-Nederland. Neffens Anno Vellinga, dy't út namme fan de stichting in soad fan dy advizen foar syn rekken naam, bedarre de fraach nei de ferduorsuming fan tsjerken yn in streamfersnelling doe't yn 2022 de enerzjyprizen omheech skeaten nei't Ruslân Oekraïne ynfoel. It programma fan Klimop kaam dêrby as in útkomst foar de faak enerzjyslinende tsjerkegebouwen. It ferbrûk fan in pear hûndert m 3 gas foar ien tsjerketsjinst wie gjin útsûndering. "Foardien wie it eins gjin kwestje", fertelt er, "en holden we ús as stichting dan ek foaral dwaande mei de restauraasje fan tsjerken." In heech enerzjyferbrûk wie foar tsjerken lange tiid net sa'n probleem, fertelle Vellinga en syn kollega Ineke Kleefstra yn de tsjerke yn Grou. Se wize op in by in ferbouwing fan al wat jierren lyn oanbrochte lambrisearring. Kleefstra: " Dat is noch gewoan in ferfraaiing fan it ynterieur, mar tsjintwurdich soene je dêr dan fuort in pakket isolaasjemateriaal efter hâlde. Lang waard dêr gewoan net oer neitocht en wie foaral it yn stân hâlden fan de estetyk fan in tsjerkegebou fan belang. De reden: de ûntdekking fan de gasbel yn'e buert fan it Grinzer Slochteren yn 1959. Fan dat stuit ôf wie der gas yn oerfloed, woene se it ek yn tsjerken like geryflik hawwe as thús en setten de tsjerkebehearders yn it lân de gaskachels sûnder grutte kopsoargen wagewiid iepen.
De miljeuproblematyk is dan ek net perfoarst de wichtichste oarsaak fan de ferduorsuming, dat is dus de slinkende beurs fan de tsjerken. Wat troch de jierren hinne ek net bydroech oan de ferduorsuming, sa fertelt de as arsjitektuerhistoarikus oplate Vellinga, dat is dat in soad fan de tsjerken Ryksmonuminten binne, hy skat dat dat foar 60 persint fan de advisearre tsjerken jildt. Foar ryksmonuminten jildt dat sy ûntheffing krije kinne fan de minimale easken dy't foarskreaun wurde op it mêd fan isolaasje, omdat dan it skeinen fan de monumintale wearden faak yn pleit binne. "Tsjerke-eigeners wiene har al wol bewust fan de klimaatproblematyk, mar woene noch jild, noch muoite yn it duorsumer stekken. It Boubeslút waard wol hieltyd fierder opwurdearre, mar de easken dy't der yn stiene wiene faak net fan tapassing op tsjerken.”
It ferduorsumjen fan tsjerken is spesifyk wurk, sa ûnderfûnen Kleefstra en Vellinga. No is it ferduorsumjen fan gebouwen sawiesa al in reedlik nijen hieltyd wer fernijende wrâld, mar binne tsjerken wol hielendal in ferhaal apart. Der is faak dy beskerme status, mar dêr komt nochris by dat de tsjerken faak mar sa sunich brûkt wurde. Omdat it gjin kantoaren binne dy't fan moandei oant freed ferwaarme of kuolle hoege te wurden, mar somtiden allinnich by de tsjinst op snein brûkt wurde, freegje se om spesifike ferduorsumingsmaatregels. Yn de praktyk komt dat benammen del op it oan- en tapassen fan lytse maatregels. Dus net perfoarst yn it ynstallearjen fan dakken fol sinnepanielen of grutte waarmtepompen, mar yn handige, lytsere yngrepen om it enerzjyferbrûk te monitoarjen en dêrnei, eventueel, oan te passen. "Tsjerken sieten mei de bakte parren", seit Kleefstra, "finansjeel rûn it gewoan út de klauwen. Je binne dan al gau oanstriid om yn grutte maatregels te tinken, mar dat is hielendal net nedich. Minsken ha gjin idee wat it al skeelt om nachts de gerdinen foar de ruten te sluten om de kjeld bûten en de waarmte binnen te hâlden. Dan hoecht der echt net daliks dûbeld glês of foarsetramen yn pleatst te wurden.”
Good housekeeping, oftewol soarch drage foar it enerzjyhúshâlden fan, yn dit gefal, in tsjerke, de term foel al faker yn petearen mei de dielnimmers oan it KlimOp-programma, en ek yn it gefal fan de ferduorsumere tsjerken blykt it in wichtige term. Fan belang is dan bygelyks in ynskriuwing op de (gratis) webside slimmemeterportal.nl, wêrtroch't tsjerke-eigeners - yn in soad gefallen einlings - sicht krigen op harren enerzjyferbrûk. Slachst dan al gau fia it ynwinnen fan kennis oan it besparjen. Yn it gefal fan de Menistetsjerke yn Grou koene se troch de ynskriuwing goed sjen wat it wol net koste om it foarportaal fan de tsjerke ferwaarmje te litten mei in flierferwaarmingssysteem, want de pomp stie 24 oeren deis oan. Nei in oanpassing besparret de tsjerke no 30 euro yn de moanne. It pleatsen fan in regeler fan 70 euro op de pomp wie genôch, want no draait de pomp allinnich as dat echt nedich is. “ Meten is weten ”, seit Bouma fan KlimOp oer sa’n lyts inisjatyf. “ Organisaasjes, mar ek partikulieren hoege mar in pear stappen te setten om har foar dy webside yn te skriuwen en krije dan al hiel gau in detaillearre byld fan harren ferbrûk. Ekstra handich is dat je ferbrûk op dy webside jierrenlang registrearre bliuwe. Kinst alle jierren fan enerzjy-oanbieder oerstappe en dêrtroch data kwytreitsje, mar dat bart dus net ast dy hjir ynskriuwst.”
Ek yn in soad oare tsjerken kaam de ferduorsuming foaral en op it earste plak del op it ymplemintearjen fan lytse maatregels, dy't ienfâldich troch harsels dien wurde kinne. Dus dy gerdinen foar de ruten, en fierder it pleatsen fan tochtstrips en it pleatsen fan enerzjysunige LED-ferljochting. “Der wie yn de measte gefallen jierren neat dien”,seit Kleefstra, “en as men dan yn sa’n tsjerke mei in ynfrareadkamera yn'e rûnte gie, waard men wol kjel. It siigde, of der stie de hiele wike in âld kuolkastke mei mar ien fleske kofjemolke der yn te lûken.”
Vellinga en Kleefstra murken dat it ynfieren fan ek de lytsere ferduorsumingsmaatregels, benammen yn kombinaasje mei it ynstallearjen fan apparatuer of software dêr'tst op sjen kinst watst besunige, in motivearjende, oanswingeljende útwurking hiest. De tsjerke-eigeners waarden der fanatyk fan en wiene ‘ynienen’ ree om mear stappen te setten – ek nei’t de enerzjyprizen wer wat stabilisearren. Wol bliuwt it betreklik lege gebrûk fan'e tsjerke in punt. Soms is der mar ien tsjinst yn de wike yn sa'n gebou. Wannear kin in ferduorsuming - hoe goedkeap ek - dan út?
Yn it ferlingde hjirfan sjocht Vellinga wol wat yn klusterjen, yn it stookseizoen gearbringen fan ferskate leauwensmienskippen ûnder ien dak, sadat der dus net op allerhande plakken - somtiden kostbere - maatregels troffen hoege te wurden. Vellinga: "It wie moai om te sjen wat der barde doe't de tsjerke-eigeners dy't troch KlimOp holpen wiene mei-inoar yn kontakt kamen. Se dielden harren ynsichten en sa waard de kennis oangeande ferduorsuming grutter makke. As wy dy line fan dat gearkommen no trochlûke soene je oerwage kinne om op in oare wize nei te tinken oer it brûken fan tsjerken. Dizze tsjerke yn Grou wurdt dan wol 6 dagen yn de wike troch ferskate groepen brûkt, mar oan de oare kant moatte je ek ûnder eagen sjen dat it hjir op snein net ramfol sit mei tsjerkebesikers. As wy neitinke sille oer de werbestimming fan guon tsjerken, dan is dat in gouden momint om ek by de ferduorsuming fan it belutsen pân stil te stean.”
Wat yn dat gefal wol noflik wêze soe, dat is dat de oerheid ree wêze soe om sokke projekten te subsidiearjen. Want nochris, de beurs fan in soad tsjerken is net altyd hiel dik. Ek soe de subsydzjestruktuer oanpast wurde kinne. Der is de Ynvestearringsubsydzje duorsume enerzjy en enerzjybesparring (ISDE)-subsydzje, mar dy is fan tapassing op gruttere ferduorsumingsprojekten. Tsjerken kinne ek yn oanmerking komme foar in DUMAVA-subsydzje, mar dy soe dan neffens Vellinga en Kleefstra ferhege wurde moatte om tsjerken echt te helpen. Al hat it programma fan Klimop de Fryske tsjerken al aardich holpen om op ienfâldige wize ta in - faak foars leger - enerzjyferbrûk te kommen.